Remmelt Eldering coacht reedriders fan Kanada: "Mar yn Noardburgum bin ik thús"

Angeljen is njonken reedriden in hobby fan Remmelt Eldering © Remmelt Eldering
Fries om utens Remmelt Eldering wurket as coach fan it nasjonale frouljusteam yn Kanada. In moai aventoer, mar net foar altyd. Ea wol er wer werom nei Fryslân.
Eldering (41 jier) is in Wâldpyk. "Ik sis 'hy, my en sy'", fertelt er as wy mei him prate yn Kanada. Hy groeide op yn Noardburgum.
Fan de Fryske reedrydseleksje klom er op nei nasjonaal nivo. Nei syn karriêre yn it wedstriidreedriden studearre er kommunikaasje oan de NHL yn Ljouwert en waard er reedrydcoach. Yn 2018 wûn er yn Súd-Koreä olympysk goud mei Esmee Visser.
No traint er it nasjonale frouljusteam yn Kanada. Remmelt: "In bytsje de konkurrinten fan Nederlân. Alteast, dat besykje we."
Remmelt Eldering, hjir op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä as coach fan Esmee Visser © ANP
Efkes werom yn de tiid. Dat er yn Kanada telâne kaam is, is in apart ferhaal. Remmelt trainde âldere reedriders, ek wol de kategory 'masters' neamd. Dy fregen him yn 2010 om mei te gean nei harren WK yn Italië.
"Ik koe sels ek noch wol aardich meikomme en ried rûntsjes op de baan." Ien man ried hieltyd achter him en loste him net ôf, lykas gebrûklik. Se rekken oan de praat. De man fertelde dat er út Kanada kaam.
"Twa jier letter, yn 2012, belle er my op. Hy frege oft ik trainings jaan woe oan it provinsjale team fan Manitoba. Sa is it kontakt mei Kanada ta stân kaam en it is altyd bleaun."
De reedrider is oan it skyen © Remmelt Eldering
Nei de suksesfolle Spelen mei Esmee Visser yn 2018 fregen se yn Calgary oft er weromkomme woe. Dat resultearre yn wer in olympyske medalje, no foar Kanada. Yn 2022 wûn Eldering yn Sina mei de Kanadeeske achterfolgingsploech goud. De Nederlânske froulju waarden tredde.

Fytse nei it wurk

Remmelt Eldering wennet dus yn Kanada. Dêr hat er it tige nei it sin. Yn syn wenplak Calgary - in stêd mei 1,3 miljoen ynwenners - kin er op de fyts nei it wurk. "Moarns altyd earst in berchje op. Bin ik fuortendaliks wekker."
Hy wennet oan de rivier de Bow dy't dwers troch de stêd hinne streamt. Ut 'e hûs wei kin er sa ta de doar út stappe om te angeljen. Fiskjen is in leafhawwerij dêr't er ek al yn Fryslân oan die, njonken reedriden. Dat lêste is der yn de winter net by op de Bow. It wetter fan de rivier giselt sa hurd dat it allegearre skossen wurde as it friest.
Remmelt Eldering by syn hûs yn Kanada © Remmelt Eldering
Syn ferbliuw yn it bûtenlân is net foar ivich en altyd, wat Remmelt oanbelanget. Sa'n avontoer is moai ast wat jonger bist, fynt er. Hy wol letter graach werom nei Nederlân. It leafst as reedrydcoach. En hy mist Fryslân ek. "Ik bin hikke en tein yn Fryslân, fyn Fryslân moai."

Thúskomme

As er foarhinne yn Fryslân weromkaam oer de Simmerdyk by Noardburgum tocht er: No bin ik wer thús. Yn Kanada fielt er him ek thús, mar dat is as er nei in reis wer yn syn eigen hûs komt.
Yn Fryslân is it ek de omjouwing dy't makket dat er him thús fielt. "Dat idee fan 'dit is dêr't ik grut wurden bin'. Soks mis ik hjir yn Kanada."