Grutte Feanpolder trochinoar skept om it ynklinken fan fean tsjin te gean

De provinsje besiket mei it omkearen fan grûn by Munnikebuorren de ôfbraak fan fean tsjin te gean. It giet om in proef yn de Grutte Feanpolder, om boaiemdelgong en CO2-útstjit te kearen.
'Profylkearen', sa wurdt it neamd. It komt der op del dat in graafmasine de toplaach fan de grûn, it ûnderlizzende fean en it sân útinoar hellet. Dêrnei wurde de grûnlagen yn oare folchoarder werompleatst: earst fean, dêrnei sân en dan toplaach.
Lân fan in boer
Dat wurdt dien op twa perselen fan in heale bunder. Dat lân is fan in boer yn Munnikebuorren.
Undersikers fan it Louis Bolk Instituut (dat ûndersyk docht nei de ûntwikkeling fan duorsume lânbou) hâlde trije jier yn de gaten wat de effekten binne fan it omkearen fan de grûn. Der leit ek in kontrôlefjild njonken, dêr't net yngrypt wurdt.
De hoop is dat it fean minder hurd fergiet as wannear't it oan lucht bleatsteld is en der feanoksidaasje ûntstiet. Dat resultearret gewoanwei yn de emisje fan broeikasgassen en boaiemdelgong.
Troch de yngreep komt it fean ûnder de grûnwetterspegel te lizzen. Dêrom wurdt ek de wetterhúshâlding yn 'e gaten holden. It ferheegjen fan sleat- en grûnwetterpeilen is net oeral helber, sa is de provinsje fan betinken. Yn stikken fan de Grutte Feanpolder soe it grûnwetter fuortrinne nei legerlizzende dielen.
De proef heart by it Fryske Feangreideprogramma 2021-2030 en kostet 975.000 euro. De earste resultaten wurde yn 2026 ferwachte.