Slûs Iesumasyl is in "jungle in wording" en dat moat oars, fynt Wetterskipspartij

De slûs by Iesumasyl (op dizze foto is it probleem net te sjen) © Shutterstock
De slûs fan Iesumasyl is yn minne steat. Oan de funksje leit it net, mar de diken oan de kant binne troch it grien hast net mear te sjen.
Jelle Arjaans fan de fraksje Water Natuurlijk-Geborgd Natuur tsjinne dêrom fragen yn by it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân oer de steat fan de slûs. "De slûs is goed te brûken mar oan beide kanten sitte dykjes, dy binne beklaaid mei basaltblokken. Mar dy binne hast ferdwûn ûnder it grien", seit Arjaans.
It giet benammen om de tagong fan de slûs fan de Lauwersmar út neffens Arjaans. Hy krige in tiid lyn berjocht fan in yngelân dy't soargen hie oer de slûs. "Ik tocht ik wachtsje even oant iepen monumintedei begjin septimber, dan sille sy it wol opknappe. Mar dat is net bard, dat wie in teloarstelling."

Ryksmonumint

De slûs is in ryksmonumint en komt út 1672. "De foarkant sjocht der moai út mar de dykjes, dat is in 'jungle in wording'." Arjaans soe graach sjen dat de slûs opknappe wurdt. Foar minsken mei in boatsje soe it ek in toer wêze om dêr goed komme te kinnen.
Der binne op it stuit wurksumheden oan de slûsdoarren. "It wurdt aanst oplevere, wat soe it moai wêze as it der dan wer kreas by leit."