Deputearre wol Joost op Songfestival en hopet mei fideo in "ekstra pûst" te jaan

Deputearre Sijbe Knol stipet de aksje om Joost Klein op it Eurovisie Songfestival te krijen. Hy naam in fideoboadskip op, lit banners yn Ljouwert delsette en docht dat ûnder it biedwurd 'Fryslân4Joost.'
Hoewol't de provinsje neat te sizzen hat oer de ôffurdiging foar it Songfestival, is deputearre Knol dochs fan betinken dat er yn aksje komme moat. Neffens Knol hat Joost mei syn ynternasjonale hit 'Friesenjung' bewiisd dat er in grut publyk oansprekke kin.
"Ekstra pûst"
"Wy binne bêst wol grutsk op dy", seit Knol yn it fideoboadskip. "Op de nûmer 1-hit dy'tst hân hast mei Ski Aggu, 'Friesenjung'. Mar no ek dyn dream om nei it Eurovisie Songfestival ta te gean. De kommende dagen sille wy der alles oan dwaan om de aksje dy't ek fia 3FM rint, in ekstra pûst te jaan."
De 25-jierrige Joost Klein waard berne yn Ljouwert en groeide op yn Britsum. Hy bruts ûnder oare mei it nûmer 'Fryslân Bop' troch. De artyst is populêr en stie ôfrûne simmer noch op it grutste poadium fan Lowlands. Knol fynt dat je Fryske artysten dy't sa entûsjast de Fryske identiteit útdrage stypje moatte.

Joost Klein wie earder dit jier min te sprekken oer de útslach fan it Eurovisie Songfestival. Dat waard doe wûn troch de Sweedske sjongster Loreen mei it nûmer 'Tattoo'. Mar de Fin Käärijä wûn de publyksstimming mei it nûmer 'Cha cha cha'. Hy wie dêrmei yn de eagen fan Joost de echte winner.
Mear as 16.000 hantekeningen
Klein stelde oanslutend foar om him mar nei Sweden ta te stjoeren. Fans fan Joost binne dwaande mei in hantekeninge-aksje om AVROTROS sa fier te krijen sy him ôffurdigje. Yntusken hawwe mear as 16.000 minsken de petysje tekene.
It doel is om safolle mooglik fans byinoar te krijen foar oktober, as de seleksjekommisje byinoar komt. De kampanje is los, foar in grut part stipe troch 3FM. Mar dus ek troch de provinsje Fryslân.
It Songfestival hat wolris earder in tema west by de provinsje. It is bekend fan kommissaris fan de Kening Arno Brok dat hy fan is fan it Songfestival en ek fan betinken is dat it sa njonkenlytsen tiid wurdt dat dêr ris in Frysk liet hinne giet.