Brune float striidber nei 'pynlik' rapport: "We kunnen snel stappen zetten"

Kin in skoalklasse noch feilich op in histoarysk sylskip? In planút 'ja' kin gjinien fan de belutsenen jaan. Dochs is it in fraach dy't him optwingt nei it krityske rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer de brune float.
Paul van Ommen, direkteur fan de Vereniging voor Beroepschartervaart (BBZ) neamt de konklúzjes fan de Onderzoeksraad "pijnlijk". Hy hat noed oer it feit dat der grutte ferskillen yn kennis binne by skippers en eigeners. Dat smyt nammentlik feilichheidsrisiko's op.
Lang net eltsenien lid brânsferiening
"Onze opdracht in 2017 (doe kaam in earder kritysk rapport oer de brune float út, red.) was om normen te stellen en ervoor te zorgen dat iedereen ook zou werken volgens die norm."
Mar dat is net genôch slagge. Miskien ek net sa nuver, want lang net alle skippers binne oansletten by brânsferiening BBZ. Ek de skipper fan de Risico net, it skip wêrfan't de gyk ôfbruts wêrtroch't de 12-jierrige Tara om it libben kaam.

Soe it dan net better wêze om de skippers yn de brune float te ferplichtsjen om harren oan te sluten by de brânsferiening? Gijs van Hesteren, skipper en foarsitter fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen sjocht dêr neat yn.
"Ik geloof heilig in de eigen verantwoordelijkheid. We moeten elkaar veel meer aanspreken. We hoeven elkaar niet de maat te nemen, maar we kunnen onze ervaringen ook delen."
Feilichheid kwestje fan ynstelling en grutskens
Chris van Dam fan de Onderzoeksraad fynt dat je fan skippers ferwachtsje meie dat se har ferantwurdlikheid nimme om harren skip sa feilich mooglik te hâlden. "Moet een lidmaatschap van de BBZ dan verplicht worden gesteld? Of zou het gewoon hun eigen professionele instelling en trots moeten zijn om zich aan te sluiten bij de branchevereniging?"

Ut it rapport die bliken dat it tafersjoch op de brune float tekoartsjit. Der is te folle romte foar ynterpretaasje fan de wet- en regeljouwing.
"De wet is geliberaliseerd. Dat geeft zoveel vrijheid dat niet duidelijk is waar de grenzen zijn. Er zal altijd iemand zijn die het minder belangrijk vindt om met de veiligheid en de regels om te gaan", seit Van Hesteren.
Als invalschipper kom ik ook weleens iets tegen waarvan ik denk: dat kan beter.
De skipper hat sels ek wolris sjoen dat der sprake is fan in ûnfeilige situaasje. "Als invalschipper kom ik ook weleens iets tegen waarvan ik denk: dat kan beter en dat zeg ik dan ook. Zou ik op een schip komen waarvan ik denk: dit vertrouw ik niet, dan zou ik de opdracht ook afwijzen."
Oerheid ûndermaatsk
Sûnt 2017 hat de brânsferiening wol stappen set, mar de oanpak fan de oerheid wie ûndermaatsk, seit Van Dam fan de Onderzoeksraad. "Aan de overheidskant is het in plannen en concepten blijven steken. Daarom zeggen wij nu ook: dit kan niet meer, nu moet er echt wat gebeuren"
"Wij constateren dat het mogelijk is om zo'n schip te varen, zonder dat je praktijkkennis hebt. Die kennis heb je wel nodig om op een verantwoorde manier een schip te varen", uteret Van Dam syn noed.
'Meitsje it mjitber'
In foaroansteande konklúzje út it rapport is dat der dúdlikere noarmen komme moatte. Karmaster Robin Hoekstra soe dat bejubelje. "De technyske regels foar de skippen binne ûntwerpkritearia. Mar wy misse ôfkarkritearia, dat is hiel wichtich om goede ynspeksjes te dwaan. Dat moatte je dúdlik fêstlizze, sa kinne je it mjitte."

Van Ommen hat der betrouwen yn dat der dizze kear wol genôch bart om de brune float feiliger te meitsjen. "We kunnen verschillende stappen heel snel zetten. Waardoor we veel verder komen. In het onderzoeksrapport worden daar goede handreikingen voor gedaan."
Van Dam fan de Onderzoeksraad wachtet it yn spanning ôf. "Ik hoop niet dat wij over drie jaar weer een rapport hoeven uit te brengen. Wat we zeker zullen doen, is checken hoe de aanbevelingen in de praktijk worden gebracht. Dit houdt onze aandacht. Er liggen veel kansen om de historische zeilvloot een stuk veiliger te maken."