Famylje ferûngelokke Tara: 'Lis skippen brune float oan de ketting oant it wer feilich is'

De famylje fan Tara, it 12-jierrige famke dat ferline jier ferûngelokke op it skip de Risico, reagearret ferbjustere op it nijste ûndersyksrapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer de brune float.
"De ouders willen nu één ding. En dat is dat dit nooit weer gebeurt", seit advokaat Mireille Veldman.
Tafersjoch sjit tekoart
It tafersjoch op de brune float sjit flink tekoart. Ta dy konklúzje komt de Onderzoeksraad voor Veiligheid yn it rapport dat woansdeitemoarn presintearre is yn Enkhuizen.
Oanlieding foar it ûndersyk binne twa ûngelokken mei deadlike slachtoffers. Ien dêrfan wie yn augustus 2022. Doe kaam de 12-jierrige Tara om it libben doe't de gyk ôfbruts fan sylskip Risico.
Tara wie mei klasgenoaten op sylkamp. Se wie ûnderweis fan Harns nei Flylân doe't it misgie. De gyk wie oantaaste troch houtrot.
'Hie foarkommen wurde kind'
De âlden wiene sels net oanwêzich by de presintaasje fan it krityske rapport, mar harren advokaat wol. "Het blijkt nu dat dit ongeval had kunnen worden voorkomen als de aanbevelingen van 2017 en 2019 waren opgevolgd."
Dizze dei wie dreech foar de famylje, seit Veldman. "Er komen elke keer nieuwe momenten. Dat is een ongelooflijke klap voor ouders, met name dit rapport waaruit blijkt dat het niet had hoeven gebeuren."
Earder stelden de âlden de skipper en de rederij ferantwurdlik foar it ûngelok, mar no lit ek demisjonêr minister Mark Harbers (Ynfrastruktuer en Wettersteat) yn in brief witte dat de oerheid hjiryn faald hat.
Het is verschrikkelijk dat dit nodig is geweest, maar dit mag nooit meer gebeuren.
Wat de âlden no it leafste wolle, is dat al dizze histoaryske skippen oan de ketting gean oant it feilich is om der mei te farren. Dat liket no net te barren, wol binne der in tal fan oare oanbefellings dien.
It mei nea wer barre
"De verantwoordelijk minister valt wat te verwijten. Die heeft de ouders in een persoonlijke brief zijn excuus gemaakt voor het falen van de overheid hierin", seit Veldman "Ouders willen nu dat er actie komt. Het is verschrikkelijk dat dit nodig is geweest, maar dit mag nooit meer gebeuren."
Op dit stuit rint der in strafproseduere en hopet de famylje dat de skipper ferfolge wurdt. Veldman ferwachtet dat dit wol barre sil; "Dan is er weer een ingang dat schippers hun zaken op orde hebben. Maar zover moet het niet komen. Het moet aan de voorkant worden gereguleerd en niet achteraf in een strafzaak."