Soepboer distansjearret him fan ekstreemrjochts: "Ferskriklik om yn sa'n hoeke drukt te wurden"

Aant Jelle Soepboer © Omrop Fryslân
Aant Jelle Soepboer skriuwt foar Pieter Omtzigt mei oan it NSC-partijprogramma. Syn kandidatuer oerfoel in soad minsken. "Mar as je echt wat berikke wolle, moatte je oer partijgrinzen hinne sjen."
Omtzigt makke tiisdei yn Nieuwspoort bekend wa't op de kandidatelist steane foar Nieuw Sociaal Contract, de partij wêrmei't hy de Twadde Keamer yn wol. Prominint op de list stiet Soepboer, no noch wethâlder yn Noardeast-Fryslân.
Troch it hege plak kin Soepboer goed de Keamer yn komme. "Dy kâns is hiel grut", seit hy ek sels. Nei de bekendmakking kaam in floed oan reaksjes binnen. "De telefoan stie readgleon."

Noch oerlis mei FNP en Noardeast

Wannear't hy krekt it gemeentebestjoer ferlit, is noch net bekend. "Dat is allegearre noch yn it ûnwisse. Ik moat it dêr mei de partij en de ried oer hawwe. Wy hawwe dit hiel lang stilhâlde moatten."
Soepboer op de list fan NSC
Net ien wist it, fertelt Soepboer. "Dat moast ek. Dat hawwe wy ôfpraat, mar de grutter de ferrassing. It wie in skok foar in hiel soad minsken. Dat begryp ik ek. Dus wy moatte it noch hawwe oer de juste rûte."

"Gjin yllúzjes"

Soepboer bliuwt lid fan de FNP, mar in Keamerlidmaatskip soe wol betsjutte dat er foarearst gjin aktive rol mear foar de FNP spilet "Fansels feroarje der saken, want je ferlizze it wurkfjild no nei Den Haag en je wurde aktyf foar in lanlike partij. Dêr moatst dy ek gjin yllúzjes oer meitsje."
Hy seit sels in soad reaksjes fan mei-FNP'ers krigen te hawwen. "Wat it haadbestjoer ek stelde yn syn parseberjocht: as je echt ynfloed wolle, moatte je oer partijgrinzen hinne sjen. En ek oer regiogrinzen."

Programma en portefúljes

Pieter Omtzigt jout syn kandidaten de mooglikheid om mei te skriuwen oan it partijprogramma foar NSC. "Dus oer de ynhâld moatte wy it letter nochris hawwe. Mar it wichtichste is om de regio op de kaart te setten."
"De portefúljes moatte noch ferparte wurde", seit de nije NSC'er. "Mar it opkommen foar de regio is de reade tried."
Soepboer (hielendal links) en Omtzigt (twadde fan rjochts) © ANP
Dêr heart Fryslân by, mar ek bygelyks Seelân, Limburch of de Achterhoek. "Want de brede regio is gewoan fertutearze yn de ôfrûne jierren", sa is Soepboer fan betinken. Bygelyks as it giet om foarstellen foar kilometerheffing, mar ek op it mêd fan ûnderwiis en kultuer.

Persoanlike klik

Soepboer kaam yn juny yn 'e kunde mei Omtzigt. "Ik wie útnûge om mei te farren op in skûtsje. It klikte goed. Mar der wie doe noch gjin sprake fan in partij."
Dochs wie it in bysûnder moeting, seit Soepboer. "Wy hawwe in middei praat oer de regio en wat dêr spilet, dêrom woe er my dêr ek by hawwe. Dan fernimst gewoan dat de ideeën goed op inoar oanslute."
De FNP behelle mei Soepboer in goed resultaat by de gemeenteriedsferkiezingen ferline jier © Omrop Fryslân
Op persoanlik mêd hat in Keamerlidmaatskip grutte gefolgen foar Soepboer, dy't ek man en heit is. "Wy hawwe der goede ôfspraken oer makke thús. Myn frou wie de earste dy't ik rieplachte haw. Wy hawwe der wol in pear jûnen foar sitten om goed te praten. Mar sy stipet my foar de folle 100 persint."
Yn de praktyk sil it betsjutte dat er trije dagen fan hûs is en earne oars sliept. "Dat sil in omskeakeling wurde. Mar wy fine der in modus yn."
Baldrs Draumar © Omrop Fryslân
Soepboer drumt yn syn frije tiid yn Baldrs Draumar, in folkmetalband mei teksten oer Fryslân en de Noarske mytology. Guon minsken bringe Soepboer dêrom yn ferbân mei rjochtsekstremistyske ideeën, wylst dat neffens him echt net it gefal is.
"Ik fyn dat echt hiel ferskriklik. Ik siet fan 'e moarn Tomke foar te lêzen op it pjutteboartersplak, yntusken wurde der sokke dingen oer je skreaun op sosjale media. Dan kinne je wol in grutte jonge wêze, mar dat docht echt wat mei je. It negative driget dan te oerhearskjen, dat is hiel skande."
Dat je yn sa'n hoeke drukt wurde, dat is ferskriklik.
Aant Jelle Soepboer
Hy distansjearret him just fan sokke ekstreme ideeën, seit er. "Ik meitsje gewoan leuke Fryske folkferskes en folk-metalferskes mei in stel freonen. Dat je yn sa'n hoeke drukt wurde, dat is ferskriklik."