HEA! Remy Bronger hat in passy foar poppehuzen

HEA! Passy foar poppehuzen
Hy neamt it sels in ferslaving: de 82-jierrige Remy Bronger fan Wolvegea makket de hiele dei troch poppehuzen.
De souder fan syn hûs stiet der hielendal fol mei. Alle dagen is Remy tusken syn poppehuzen te finen. Allinnich foar de kofje en it middeisiten komt hy nei ûnderen. Syn frou Loes Bronger fynt it wol prima. Sy hat har eigen hobby: kleurjen.
Bronger is in perfeksjonist, sa seit er sels. Gjin detail slacht er oer as hy in poppehûs makket. Sa sit der echt sink yn de dakgoaten en hat hy de stoepe fan it hûs mei opsetsin in bytsje smoarch makke, want dat is yn it echte libben ek sa.