In dei nei it busûngelok by Berltsum: "Hopen op een goede afloop"

© AS Media
Ien fan de minsken dy't tiisdeitemiddei swierferwûne rekke by it ûngelok op de N383 by Berltsum is in 33-jierrige frou út de gemeente Ljouwert. Sy wie de sjauffeur fan it taksybuske dat op linebus 70 fan Arriva botste. Dêrby rekken fjirtjin minsken ferwûne, fan wa fjouwer earnstich.
Ek de oare twa passazjiers fan it taskybuske, twa bern fan basisskoalleleeftiid, rekken swierferwûne. By taksybedriuw Dorenbos is de ympakt dan ek grut fertelt in wurdfierder.
"Voor een bedrijf dat dagelijks bezig is met leerlingenvervoer is dit natuurlijk ingeslagen als een bom. Op dit moment zijn onze gedachten bij de chauffeur en de twee kinderen die nog in het ziekenhuis liggen."
In dei nei it busûngelok by Berltsum
Neffens de plysje wie de buschauffeur in 59-jierrige man út de gemeente Smellingerlân. "Onze buschauffeur op lijnbus 70 zat bekneld in de bus en is bevrijd", lit in wurdfierder fan Arriva witte.
"Hij is gisteren naar een ziekenhuis gebracht en onderzocht. Hij is met de schrik vrijgekomen. We leven mee met hem en hopen op een goede afloop voor de gewonde personen."
It COA befêstiget dat njoggen minsken dy't yn de bus sieten bewenners binne fan it AZC yn Sint Anne. "Eén daarvan is bij het ongeval zwaar gewond geraakt. Dat heeft natuurlijk een grote impact, niet alleen op de passagiers in de bus maar ook op de andere bewoners en onze medewerkers."