Nyck de Vries takom jier werom yn Formule E by team Mahindra Racing

Nyck de Vries © ANP
Nyck de Vries komt takom jier werom yn de Formule E. De 28-jierrige autokoereur út Twellingea hat dat bekend makke op Instagram. By it team fan Mahindra Racing hat er in kontrakt tekene foar meardere jierren.
Earder dit jier kaam De Vries út yn de Formule 1 by AlphaTauri, mar nei tsien races is er oan 'e kant set. De resultaten foelen ôf en hy waard ferfongen troch Daniel Ricciardo.
De Vries waard yn 2021 wrâldkampioen yn de Formule E, it kampioenskip foar elektryske auto's. Hy ried doe foar Mercedes.

'Voelt als thuiskomen'

"Terugkeren in de Formule E zal voelen als thuiskomen", reagearret De Vries op it tekenjen by Mahindra. "Ik heb drie jaar deel uitgemaakt van deze familie, ik ken iedereen erg goed. Ik kijk er naar uit om terug te zijn in de bekende omgeving, en om ergens te zijn waar ik uiteindelijk altijd genoot van het racen."
It nije seizoen yn de Formule E set útein yn jannewaris 2024 yn Meksiko-Stêd.