Tafersjoch op de brune float sjit tekoart: Onderzoeksraad wol aksje fan minister

De Risico, it skip dêr't ferline jier de gyk fan bruts © ANP
It tafersjoch op de brune float sjit flink tekoart. Ta dy konklúzje komt de Onderzoeksraad voor Veiligheid. De ried is tige kritysk yn in rapport, nei oanlieding fan twa ûngelokken ferline jier.
Yn 2017 brocht de Onderzoeksraad ek al in rapport út. Mei de oanbefellings dêrút binne wol inisjativen naam om de histoaryske sylfloat feiliger te meitsjen, mar it beëage resultaat bliuwt neffens de Onderzoeksraad út.
De brune float is net oantoanber feiliger wurden. Passazjiers hawwe ek gjin mooglikheid om te kontrolearjen oft in skip feilich is, stelt de Onderzoeksraad.
Tafersjoch op de brune float sjit tekoart
De Onderzoeksraad konkludearret oer de hiele keten 'een gebrek aan specifieke kennis' fan de histoaryske skippen. Dy ekspertize is wol nedich om risiko's en kwetsbere punten yn kaart te bringen.

Systeem funksjonearret net

It systeem dat no de feiligens yn de gaten hâlde moat, funksjonearret net goed. Yn teory leit it tafersjoch by de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT). Mar yn de praktyk wurdt de ynspeksje en sertifisearring útbestege oan trije keuringsburo's.
Histoaryske skippen fan de brune float © ANP
De regels litte konkurrinsje tusken dy keuringsburo's ta. Dat kin te'n koste gean fan de feiligens. De buro's wurdt wer op noarms toetst troch de Raad voor Accreditatie. Mar dat systeem wurket 'ûnfoldwaande', stelt de Onderzoeksraad.
De Inspectie Leefomgeving en Transport is ûnderdiel fan it ministearje © ANP
"Er is veel ruimte voor interpretatie van wet- en regelgeving", skriuwt de Onderzoeksraad. De buro's binne troch beheinde keuringsnoarmen net goed taret op harren taak, sa docht bliken. De noarms biede ek gjin ôfkarringskritearea.

Te min kapasiteit en prioriteit

De ILT is net by steat om te stjoeren, stelt de Onderzoeksraad. Dat komt troch te min kapasiteit en oare prioriteiten. Dat jout de ILT sels ek ta. De float hat amper ferplichtingen by de ILT.
Dêrtroch kin de ILT gjin garânsje jaan dat de feiligenssertifikaten dy't de keuringsburo's ôfjaan oan de korrekte easken foldogge. Sûnder goed tafersjoch bliuwt it ûndúdlik oft sertifikaten en it saneamde 'Bewijs van Tuigage' wol terjochte ôfjûn binne.

Ek ferantwurdlikens by de skippen sels

Fierder wurde skippers en eigeners fan skippen noch te min op harren ferantwurdlikens oansprutsen. Mar de Onderzoeksraad seit ek dat de minsken dy't har wol ynsette foar de feiligens op harren skippen, dat troch 'dit gebrekkige toezicht' net goed genôch dwaan kinne.

Grutte ferskillen yn kennis

Brânsjferiening BBZ (Vereniging voor Beroepschartervaart) hat yn de ôfrûne jierren goede inisjativen opset. Nettsjinsteande dat konstatearret de Onderzoeksraad grutte ferskillen yn kennis by skippers en eigeners. Dat smyt feiligensrisiko's op.
Op sylskip Risico kaam de 12-jierrige Tara om it libben troch it ôfbrekken fan in gyk © CAMJO Media
Der is yn de sektor gjin goed, oerkoepeljend byld fan de feiligensrisiko's. De Onderzoeksraad wol dat it útwikseljen fan praktyske kennis mear stimulearre wurdt.

Advizen oan it ministearje

De Onderzoeksraad hat fjouwer oanbefellingen dien oan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De Raad voor Accreditatie moat syn ferantwurdlikens oppakke, sa is it earste advys. Fierder wol de Onderzoeksraad profesjonele easken fêstlizze.
Dêrneist moat derfoar soarge wurde dat feiligenseasken aktueel bliuwe en oanpast wurde. En as lêste moat der in systeem ynrjochte wurde wêrby't it haadsertifikaat ûnjildich ferklearre wurdt as ûnderdielen dêrfan ferrine. Dêr moat ek op hanthavene wurde, fynt de Onderzoeksraad.
De Onderzoeksraad voor Veiligheid seit ek mei klam te ferwachtsjen dat net allinne de offisjele ynstânsjes, mar ek alle oare partijen aktyf aksje ûndernimme.
De ôfbrutsen mêst op de Amicitia soarge foar trije deaden © CAMJO media
De oanlieding fan it rapport binne twa deadlike ûngelokken mei yn totaal twa slachtoffers. Ien dêrfan wie yn augustus 2022. Doe kaam de 12-jierrige Tara om it libben doe't in gyk ôfbruts. Tara wie mei klasgenoaten op sylkamp. Se wie ûnderweis fan Harns nei Flylân doe't it misgie.
De gyk bliek oantaast te wêzen troch houtrot. Yn it gefal fan de Risico hie by it folgjen fan de brânsjnoarms de kwetsberens fan de gyk oan de oarder komme kinnen. Mar de skipper wie net oansletten by de BBZ en hy wie net op 'e hichte fan de noarm.
It oare ûngelok wie yn maaie 2022. Dêrby ferstoar in 79-jierrige man en in frou rekke slim ferwûne. It ûngelok mei de Wilhelmina waard feroarsake troch it lossjitten fan de kraanline, dy't twa wiken foar it ûngelok krekt ferfongen wie, sa hat no bliken dien.
Deadlike ûngelokken op de brune float
  • 21 augustus 2016: Trije Dútsers komme om it libben op sylskip Amicitia troch it ôfbrekken fan in mêst.
  • 20 maart 2019: In meiwurker fan in skipswerf ferûngelokket by de tarieding fan in keuring troch it ôfbrekken fan in mêst.
  • 27 mei 2022: In 79-jierrige man ferûngelokket nei it omleechkommen fan in gyk.
  • 31 augustus 2022: Op sylskip Risico komt de 12-jierrige Tara om it libben troch it ôfbrekken fan in gyk.
De Onderzoeksraad hat earder ûndersyk dien nei ûngelokken yn de brune float. Doe wie de oanlieding ek in deadlike ûngelok. Yn 2016 kamen trije Dútske toeristen om it libben nei't de mêst fan sylskip Amicitia ôfbruts.
De mêst wie foar in tredde part ferrotte. De konkluzje fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid yn 2017 wie: der is te min kennis by skippers, in breklike keuring fan mêsten en der is beheind tafersjoch op de brune float.