Fertochte dy't Ljouwerter deaskeat by frijgesellefeest yn Grins stiet foar de rjochter

Helptsjinsten yn de Haddingestraat yn Grins nei de sjitpartij © RTV Noord
De 25-jierrige Grinzer dy't fertocht wurdt fan it deasjitten fan André Tromp út Ljouwert stiet woansdei en tongersdei foar de rjochter. It iepenbier ministearje ferwyt him deaslach en it besykjen ta deaslach.
Op 9 july 2022 waard de 50-jierrige André Tromp fan Ljouwert deasketten yn de Haddingestraat yn Grins. Hy wie yn de stêd foar in frijgesellefeest en siet mei in groep op in terras.

Kamerabylden

De sfear sloech om doe't de fertochte it terras op kaam. Se krigen wurden. De man gie wer fuort, mar kaam letter werom yn in auto. Hy hie nei hûs west om in fjoerwapen te heljen. Neffens tsjûgen besocht de man te sjitten, mar syn fjoerwapen wegere.
Doe't er útnaaie woe, kamen de manlju fan de groep efter him oan. Dêrnei waard der wol sketten. Op kamerabylden is te sjen dat de Ljouwerter fan tichteby rekke waard. Hy ferstoar letter yn it sikehûs. Twa oare manlju fan de groep rekken lichtferwûne. Koart nei de sjitpartij is de fertochte oanholden.

Needwar

By in eardere ynliedende sitting joech de fertochte oan út needwar hannele te hawwen. De man hie oanjefte dien tsjin twa fan de Ljouwerters foar it besykjen ta deaslach, geweldpleging en rasisme.
De fertochte is ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum (PBC), mar dêr woe er earst net oan meiwurkje. Wol woe er yn syn sel besocht wurde troch in psycholooch en in psychiater, mar dat mocht net fan de rjochter. Letter hat it ûndersyk dochs noch plakfûn yn it PBC.