Elfstedenrace hellet topsprinter Jasper Philipsen nei Fryslân ta

Jasper Philipsen © ANP
De Belgyske sprinter Jasper Philipsen ferskynt oan de start fan de Betcity Elfstedenrace. De Fryske hurdfytsklassiker is wakker wiis mei de komst fan de griene truidrager fan ôfrûne Tour de France.
Op 4 oktober wurdt de twadde edysje fan de Betcity Elfstedenrace ferriden. De ploechpresinaasje is dy dei by de Alvestêdehal yn Ljouwert. De finish wurdt krekt foar 16.00 oere middeis op de Balthazar Bekkerwei ferwachte.
Trochkomst yn Harns mei de earste edysje © Betcity Elfstedenrace
Philipsen wûn yn de Tour leafst fjouwer etappen. Dêrmei rekkenet de organisaasje fan de Betcity Elfstedenrace him ek by de favoriten foar de race. De ôfrûne wiken helle Philipsen ek goede resultaten by it Kampioenschap van Vlaanderen, de Gooikse Pijl en Paris-Chauny. Yn 'e maitiid wûn hy Brugge-De Panne en de Scheldeprijs.
De Betcity Elfstedenrace is op 4 oktober live folgjen by Omrop Fryslân. De wedstriid is woansdei live op telefyzje te sjen fan 13.30 oere ôf. De finish wurdt om 15.50 oere hinne ferwachte.
De organisaasje koe tiisdei melde dat de definitive gearstalling fan it dielnimmersfjild bekend is. Der dogge fiif WorldTour-formaasjes mei en tolve kontinintale profteams. Der dogge sân Nederlânske ploegen mei, wêrûnder Jumbo-Visma en DSM-firmenich.
De rûte fan de Betcity Elfstedenrace giet - hoe kin it ek oars - by de alve stêden del © Betcity Elfstedenrace
De WorldTour-teams binne fierder Team Jayco-Alula, Alpecin-Deceuninck, Intermarché-Circus Wanty, Q36/5, Flanders-Baloise, Bolton Equities Black Spoke, Uno-X CT, Lotto Kern Haus en Xspeed United. En fierder de Nederlânske kontinintale teams Metec-Solarwatt, BEAT, A Bloc, VolkerWessels, TdT-Unibet en Allinq.

Twadde edysje

BetCity is dit jier haadsponsor fan de koers, dy't dus syn twadde edysje hâldt. Ferline jier hie de wedstriid noch de namme Visit Friesland Elfsteden Race. It wie de earste nije selsstannige wedstriid foar manlju op de ynternasjonale kalinder yn Fryslân sûnt 2012.
Op 6 maart ferline jier wie Elmar Reinders út Emmen (Riwal Cycling Team) de winner fan de earste edysje.