Liveblog | 27 septimber

112-nijs 27 septimber: Plysje dielt ynformaasje oer swierferwûnen busûngelok Berltsum

Yn dit liveblog hâlde we dy op 'e hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 27 septimber, 12:04
12:04

Plysje dielt ynformaasje oer ferwûnen Berltsum

De fjouwer persoanen dy't slim ferwûne rekken troch it busûngelok yn Berltsum binne twa minderjierrigen, in ynsittende fan de linebus en de bestjoerder fan it taksybuske, in 33-jierrige frou út de gemeente Ljouwert. Dat makket de plysje bekend.
Ek de bestjoerder fan de linebus, in 59-jierrige man út de gemeente Smellingerlân, is nei it sikehûs ferfierd. Beide weinen rekken swier skansearre. De oare ferwûnen binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht.
Op de Westergoawei (N 383) by Berltsum wie juster in slimme botsing tusken in taksybus en in linebus fan it iepenbier ferfier. Mei-inoar rekken fjirtjin persoanen ferwûne.
De dyk stiet fol mei helptsjinsten © Kappers Media
07:25

Minderjierrige berôve yn Drachten

© Shutterstock.com (Konstantin Savusia)
Yn Drachten is moandei in minderjierrige jonge berôve. Dat barde jûns om 22.15 oere hinne op de Hof van Edenlaan. De plysje fan East-Fryslân is op syk nei de dieder en freget tsjûgen om har te melden. De dieder naaide út, mar wêrhinne is net bekend. Wat de dieder bútmakke hat, is net bekend makke.
It soe gean om in man fan sa'n 20 jier âld mei in burdsje en in donkerblau trainingspak. Wa't mear wit, wurdt frege him te melden by de plysje.
07:00

Man mei wapens en drugs oanholden yn Ljouwert

It guod dat de man by him hie © Politie Basisteam Leeuwarden e.o.
De plysje fan Ljouwert hat snein in fertochte oanholden dy't pepperspray, in mes, tsien XTC-pillen en kokaïne by him hie. De pepperspray wie fûn troch in befeiliger fan in diskoteek. Dêrnei is de plysje ynskeakele, dy't de fertochte wiidweidich fûillearre hat. De wapens en drugs binne yn beslach naam en de fertochte is oanholden. De plysje docht ûndersyk nei de saak.