FNP-wethâlder Soepboer op plak 7 foar nije partij Pieter Omtzigt

Aant Jelle Soepboer © ANP
FNP-wethâlder Aant Jelle Soepboer stiet by de Twadde Keamerferkiezingen op plak sân fan de kandidatelist fan NSC, de partij fan Pieter Omtzigt. De politikus fan Nijewier is dêrmei de heechste Fries op de list.
Soepboer is sûnt ferline jier wethâlder foar de FNP yn Noardeast-Fryslân. Dêrfoar wie er fjouwer jier riedslid yn deselde gemeente.
"Ik ha yn de praktyk ûnderfine kinnen hoe lanlike wet- en regeljouwing somtiden tekoartsjit yn de werklikheid", sei Soepboer by de presintaasje fan de list yn Den Haag.
Aant Jelle Soepboer (midden) mei Pieter Omtzigt (links) © ANP
"As wethâlder fregest dy wolris ôf: sjocht men yn Den Haag wol genôch mei in regionale bril nei Nederlân? Dy regionale bril wol ik graach optwinge by ús kabinet en hooplik ek by oare Keamerfraksjes."
It kabinetsbelied wringt yn de praktyk, fynt Soepboer. "It lanlik gebiet of 'de regio', foar safier't dat bestiet, komt der bekaaid wei en moat it dwaan mei fiergesichten fan brede wolfeart. Dat mei neffens my noait misbrûkt wurde om net te ynvestearjen yn dy regio."
Soepboer (links) mei in tal oare kandidaten © ANP
De reaksjes dy't er oant no ta krigen hat, binne nei eigen sizzen posityf. "Myn frou stipet my folslein, ús heit fynt dat ik wer wat geks doch. Mar de reade tried is: moai dat ien dit dwaan wol. En dan ik mar. Dus ik bin hiel wiis mei de stipe."
FNP-foarsitter Jan Arendz fynt it spitich dat Soepboer de stap nei Den Haag meitsje wol, "mar as jo it belang fan Fryslân foarop stelle wolle, moatte jo oer partijgrinzen hinne tinke".

Heech yn de peilingen

Omtzigt presintearre syn kandidatelist jûn yn Nieuwspoort yn Den Haag. Syn nije partij Nieuw Sociaal Contract giet op it stuit oan de lieding yn de measte peilingen. Neffens de lêste Peilingwijzer (in kombinaasje fan de peilingen fan I&O Research en Ipsos/EenVandaag) soe de partij útkomme op 25 oant 31 sitten, as der hjoed ferkiezingen wêze soenen.

Friezen om utens

Soepboer is de iennige ynwenner fan Fryslân op de list. Hy komt oaspronklik út Dokkum. Ek Friezen om utens Eddy van Hijum (âld-Keamerlid CDA, opgroeid yn Wâldsein) en Folkert Idsinga (oant trije wiken lyn Keamerlid foar de VVD, berne yn Allardseach by Bakkefean) binne kandidaat, sy steane op respektyflik plak 6 en 13.
Op 33 stiet fierder noch Bart-Jan Heine út Drinte, dosint oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden.
Omtzigt en Soepboer op de Snitser Mar © @ajsoepboer
Soepboer joech alris kundskip fan syn ynteresse yn Omtzigt. Op 9 juny fan dit jier wie hy mei Sijbe Knol by in lêzing fan Omtzigt yn de Ljouwerter Koepeltsjerke.
De dei dêrnei wie hy útnûge om mei Omtzigt te silen op de Snitser Mar. Omtzigt wie dizze simmer ek op fakânsje yn ús provinsje, hy stjoerde yn july in fakânsjekykje út Wâldsein de wrâld yn.