Hester wol yn hiel Noard-Nederlân pluktunen foar de lytse beurs

Hester van der Werff fan Stichting De Kleine Boerderij © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Sûn ite mei in lytse beurs. Dat liket in opjefte, mar hieltyd mear inisjativen yn de mienskip besykje dat te stypjen. Hester van der Werff fan Easterwâlde hat grutte ambysjes yn it Noarden.
Sy hat yn har doarp in 'selspluktún' opset, dêr't griente sûnder bestridingsmiddels kweekt wurdt. Dêrfoar hat sy ferline jier Stichting De Kleine Boerderij oprjochte.
De tún is dit jier úteinset nei foarbyld fan in tún yn Nijhoarne en it leveret no ek mei sukses sûn iten oan Voedselbanken.
Troch sûn iten oan te bieden, wol de selspluktún yn Easterwâlde kânse-ûngelikensens tsjingean
Nei in goede start stiet de tún fan 1.200 kante meter ek no noch fol mei griente: snijbyt, finkel, selderij, spinaazje, koal, andyvje, prei en koerzjette. De tún soarget derfoar dat sa'n 60 oant 80 húshâldens iten krije kinne, fia de Voedselbank. Mar der is noch folle mear ferlet.
"Eén op de zes Nederlanders wil graag gezond eten, maar kan het niet betalen", wit Van der Werff. "Wij zorgen ervoor dat mensen met een smalle beurs toch gezond kunnen eten."
Van der Werff komt út Ljouwert, mar wennet sûnt in oantal jierren yn Easterwâlde. Sy hat de tún by it hûs fan har famylje oanlein. It startsein wie mei de frijwilligersdei fan NLdoet.

Grutte ambysjes

Se hawwe in goed jier draaid. Eltse wike bringe se in soad grienten en jierpels nei de Voedselbank. It gie eins boppe ferwachting, ek mei de frijwilligers. Dy komme eltse wike trou nei de tún.
De stichting hat ambysjes. "Samen met nog drie andere zelfoogsttuinen, waaronder de eerste in Nieuwehorne, kijken we of we dit concept niet uit kunnen rollen over heel Noord-Nederland", seit Van der Werff.
Hester van der Werff yn 'e tún © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ein dit jier lizze se yn De Fochtel in folle gruttere tún oan mei mear mooglikheden om griente fan it fjild te heljen.
Subsydzjes foar dy nije tún binne der al. Mar om dit foar langere tiid dwaan te kinnen, siket Van der Werff noch túnkers en duorsume ûndernimmers foar it finansierjen en harren kennis.