Fjirtjin ferwûnen by grut ûngelok mei bus yn Berltsum

Op de Westergoawei (N383) by Berltsum hat in slimme botsing west tusken in taksybus en in linebus fan it iepenbier ferfier. Der binne fjirtjin ferwûnen, ûnder wa inkelde bern.
De dyk wie yn beide rjochtingen ôfsletten, mar is yntusken wer iepen. It taksybuske is nei de botsing yn de berm bedarre. De foarkant fan de linebus fan Arriva is bot skansearre. De helptsjinsten hawwe yntusken skerms pleatst.
Ferskate ferwûningen
Yn de linebus binne alve minsken ferwûne rekke. Yn it buske trije: de sjauffeur en twa bern. Sy rekken allegear slimferwûne. Yn totaal hawwe fjouwer minsken slimme ferwûnings oprûn by it ynsidint. Guon slachtoffers binne oerbrocht nei ferskate sikehuzen yn de regio.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar oer it ûngelok
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend. Undersyk moat útwize wat der krekt foarfallen is.
Helptsjinsten manmachtich útriden
Helptsjinsten binne massaal oproppen foar it ynsidint, dat yn 'e rjochting fan Sint Anne barde. Der is opskaald nei in GRIP1-situaasje. Dêrmei kinne de ferskillende helptsjinsten better mei elkoar gearwurkje.
Der is in soarte fan kontener pleatst wêryn't de helptsjinsten op in strukturearre wize mei elkoar oerlizze kinne.
Fjirtjin ferwûnen by grut ûngelok mei bus op Westergoawei yn Berltsum
Der binne meardere ambulânsen op it plak. Der is ek in traumahelikopter út Amsterdam op it plak en yn 't earstoan wie der ek in helikopter út Nijmegen oproppen. Fierder binne de brânwachten fan Sint Anne, Ljouwert, Menaam en Drachten útriden foar it ûngelok.
Neffens de plysje hat it ûngelok om 14.30 oere hinne west. De plysje freget minsken om helpferlieners de romte te jaan.
Dyk skoft ticht
De dyk is yntusken wer iepen. Nei it ûngelok wie hy in skoft ticht omdat der ûndersyk dien wurde moast.
