HEA! Jelmar lit it gers opspatte

HEA! Gersbaanracer Jelmar
Hy dreamt fan in karriêre as profesjoneel gersbaanracer. Jelmar Naessens út Tytsjerk is noch mar 16 jier, mar hat al ferskate Nederlânske titels op syn namme stean.
It doel is no de ST2-klasse, dat is de top 12 fan de beste riders yn de 250cc. Alles stiet by de famylje Naessens yn it teken fan it gersbaanracen yn de wykeinen dat der wedstriden binne.
De folsleine húshâlding giet yn in caravan mei om Jelmar te helpen en oan te moedigjen. Heit Mathijs is der foar de motors, mem soarget foar de iterij en de útrissing fan de jonge racer.