PVV en SGP sette elts ien Fries op kandidatelist foar de Keamerferkiezingen

De PVV en de SGP hawwe beiden ien Fries op de kandidatelist foar de Twadde Keamer pleatst. It giet om Max Aardema fan Drachten (PVV) en Tom Bakker fan Driezum (SGP).
De PVV makke de kandidaten moandeitejûn bekend. Max Aardema is werom te finen op plak 19. Dêrmei is hy flink nei boppen ta skood, want Aardema stie twa jier lyn noch op plak 47. Yn 2017 stie Aardema foar it earst op de list.
Aardema is fraksjefoarsitter foar de PVV yn de Fryske Provinsjale Steaten, dêr't er al sûnt 2011 diel fan útmakket. Hy is dêrmei it langstsittende Steatelid yn ús provinsje.
Dit jier wie Aardema ek opnaam op de kieslist foar de Earste Keamer. Tusken 2017-2019 siet hy al twa kear in perioade yn de Earste Keamer. Hy wurket by de plysje.

Tom Bakker fan Driezum stiet op plak 25 en is dêrmei de iennige Fries op de foarriedige kandidatelist fan de SGP. Bakker stie by de ôfrûne Twadde Keamerferkiezingen ek al op de list. Hy wurket as skoaldirekteur yn Hilversum.
Bakker wie earder fraksjefoarsitter foar de SGP yn Dantumadiel. Hy siet tolve jier yn de gemeenteried, mar joech ferline jier oan op te hâlden. Yntusken sit opfolger Heerke Kooistra yn de ried, dêr't de SGP ien sit hat.
Yn 2021 stie Bakker op plak 22 fan de list en foar dizze ferkiezingen stiet er noch trije plakken leger. De kâns dat hy yn de Twadde Keamer komt, is dêrmei lyts.