Nije feiten oer 'De Heks van Anjum' yn true crime-podcast

Sjoernalist Margriet Brandsma en Omrop Fryslân hawwe in podcast lansearre oer de beruchte pensjonmoarden yn Eanjum. De true crime-podcast De Heks van Anjum is fan hjoed ôf te beharkjen.
Yn de tún fan it pensjon 'Het Station' wurdt op krystjûn 1997 nei in tip it stoflik omskot fan in fermoarde man fûn. Twa dagen letter graaft de plysje op it terrein fan it pensjon in twadde lichem op, de man is in healjier earder mei geweld om it libben brocht.
Opskuor
Pensjonhâldster Marjan van der E. wurdt foar de moarden feroardiele, mar hat it altyd ûntkend.
De bysûndere moardsaak late ta in soad opskuor en publisiteit. Wêrom sloech de 52-jierrige frou twa mannen dy't folle jonger, grutter en sterker as har wienen, de plasse yn? Hokker rol spilet de himpkwekerij dy't in wike earder oprôle waard? Wêrom is dy rol nea meinommen yn it ûndersyk nei de saak?
Nije feiten oan it ljocht
Is de ûnferwachte dea fan Marjan krekt foar de ferskining fan it boek tafal of spilet der mear?
De Heks van Anjum
Yn de true crime-podcast 'De Heks van Anjum' praat Margriet Brandsma mei minsken dy't reagearre ha op har boek. Dat liedt wer ta nije befiningen oer de moardsaak en ta (noch mear) fernuvering oer de wize wêrop't plysje en justysje te wurk gien binne.
Yn de podcast leare wy Marjan van der E. better kennen, hearre wy belêstende ferklearringen oer ien fan de mannen dy't de himpkwekerij yn har skuorre eksploitearre en fertelt de advokaat fan de pensjonhâldster oer de mooglikheden de saak op 'e nij te iepenjen.