Gersbaanracer Jannick de Jong waard mei Nederlân wrâldkampioen: "Kwa oanpak hiel oars"

© Eigen foto
It is in bysûndere mylpeal fan gersbaanracer Jannick de Jong (36) fan De Gordyk. De Jong waard snein kampioen op it wrâldkampioenskip foar lanneteams.
Dat waard ferriden op it Speed Centre yn Roden. De Nederlânske manlju einigen foar Dútslân en it Feriene Keninkryk.
It gersbaanracen is gewoanwei in yndividuele sport. Mar by de Long Track of Nations snein kaam in Nederlânsk team yn aksje. Ferline jier miste Nederlân krekt it poadium, mar no waard de 'favorite' ploech fan teamlieder De Jong wrâldkampioen.
"Ik tink dat wy op papier hiele goeie kaarten hiene om de titel te feroverjen, mar it moat altyd noch mar even barre", fertelt Jannick de Jong.

Team tsjin team

De Long Track of Nations is hiel oars fan opset as oare toernoaien op 'e kalinder. "No bist mei fjouwer manlju ûnderdiel fan in team. Elk team rydt tsjin in oar team. Kwa oanpak is dit hiel oars, mar ek op de baan. Moatst no ek rekken mei elkoar hâlde."
© Eigen foto
It wie noch efkes spannend oft it wrâldkampioenskip snein wol trochgean koe. De wedstriden waarden útsteld fanwegen alle reinbuien fan de ôfrûne wike.

"Sûnder rem"

"De baan wie hiel sêft", leit De Jong út. "Wy sitte op motoaren sûnder rem, en dan sa hurd mooglik rûntsjes ride. De racedirekteur bepaalt úteinlik oft it ferantwurde is om te riden."
Mei al syn ûnderfining wie Jannick de Jong teamlieder fan de ploech, mei Romano Hummel, Dave Meijerink, Mika Meijer en teammanager Patrick Roth. "Ik moast soargje dat de noazen deselde kant op stean, dat wy foar itselde doel giene."
Op teamnivo is it wrâldkampioenskip it heechst helbere toernoai. "Ik hoopje dat it takom jier wer selektearre wurdt en dat wy takom jier wer meidwaan kinne om de wrâldtitel. Myn persoanlike doel is om noch in pear jier fan de sport te genietsjen."