Nij ûndersyk nei deadlike ûngelokken yn 'e brune float: hoe sit it ek alwer?

De ôfbrutsen mêst op de Amicitia soarge foar trije deaden © CAMJO media
Kinne ûngelokken op histoaryske sylskippen foarkommen wurde en wat is dêrfoar nedich? Dat is de sintrale fraach fan it ûndersyk fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) dat woansdei presintearre wurdt.
Oanlieding foar it ûndersyk binne twa ûngelokken mei twa deadlike slachtoffers. Ien dêrfan wie yn augustus 2022. Doe kaam de 12-jierrige Tara om it libben doe't de gyk ôfbruts fan sylskip Risico.
Tara wie mei klasgenoaten op sylkamp. Se wie ûnderweis fan Harns nei Flylân doe't it misgie. De gyk wie oantaast troch houtrot.

Earder ûndersyk

De Onderzoeksraad hat earder ûndersyk dien nei ûngelokken yn de brune float. Doe wie de oanlieding ek in deadlike ûngelok. Yn 2016 kamen trije Dútske toeristen om it libben nei't de mêst fan sylskip Amicitia ôfbruts. De mêst wie foar in tredde part ferrotte.
Deadlike ûngelokken op de brune float:
  • 21 augustus 2016: Trije Dútsers komme om it libben op sylskip Amicitia troch it ôfbrekken fan in mêst.
  • 20 maart 2019: In meiwurker fan in skipswerf ferûngelokket by de tarieding fan in keuring troch it brekken fan in mêst.
  • 27 maaie 2022: In 79-jierrige man ferûngelokket nei it delkommen fan in gyk. Dizze wie net fan hout, mar fan stiel.
  • 31 augustus 2022: Op sylskip Risico komt de 12-jierrige Tara om it libben troch it brekken fan in gyk.
Te min kennis by skippers en in breklike keuring fan mêsten en beheind tafersjoch op de brune float. Dat wie yn 2017 de konklúzje fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid. No seis jier letter is der in nij rapport, oer de twa deadlike ûngelokken op de Waadsee ferline jier.

Rjochtsaak Amicitia

Dat der hast is gjin kennis is die ek bliken by de rjochtsaak tsjin de doe 53-jierrige skipper. Dy moast him yn 2018 foar de rjochter ferantwurdzje. De offisier fan justysje easke doe in wurkstraf fan 200 oeren en trije moannen sel ûnder betingst. Neffens de rjochtbank koe allinnich net bewiisd wurde dat de skipper skuld hie.
It falt de skipper wol te ferwiten, sa stelt de rjochtbank, dat hy him "onvoldoende heeft laten informeren over de staat van onderhoud van de mast en onvoldoende toezicht heeft gehouden op de verrichte werkzaamheden."

Mear houtrot

It ynsidint stie net op himsels. Nei it ûngelok krigen mêstebouwers mear mêsten oanbean foar ynspeksje. Tritich persint dêrfan waard ôfkard, om't it oantaast wie troch houtrot.
De Risico, it skip dêr't ferline jier de gyk fan bruts © ANP
Nei it ûndersyk en de oanbefellingen fan de Onderzoeksraad hawwe de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) en de Vereniging voor Beroepschartervaart (BBZ) har ynset om de feiligens te ferbetterjen.

Maatregels

Sa is der in ekstra keuringsburo, in iepenbier register mei sertifisearre skippen en in platfoarm en workshops mei ynformaasje oer it ûnderhâld fan histoaryske skippen.
Ek kontrolearret de ILT no by stekproef en risikostjoerd. De kontrôlen smite foar de ynspeksje resultaat op. Alle jierren wurde skippen oan de ketting lein dy't papieren net op oarder ha.
Konklúzjes en oanbefellings fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid:
  • It tafersjoch op de sektor is te min
  • Keuringsynstânsjes hâlde har net oan wetlike foarskriften
  • De sektor moat profesjoneler
It nije ûndersyk fan de Onderzoeksraad moat antwurd jaan op de fraach oft alle oanpassingen genôch binne om de feiligens fan de brune float te garandearjen. Ek wurdt sjoen hokker lessen leard wurde kinne, om yn de takomst ûngelokken foar te kommen.

Hokker sertifikaten moat in skip ha?

In silend passazjiersskip (ek wol: brune float) moat it haadsertifikaat it Certificaat van Onderzoek (CvO) ha. Dit is fiif jier jildich en moat oan board wêze fan alle skippen dy't yn Nederlân en België op binnenwetter farre, mei mear as 12 minsken.
Ien kear yn de fiif jier moatte de mêsten folslein 'stript' wurde. Se moatte fan de befêstigingen helle wurde. De mêsten wurde dan oan wâl oanbean, sadat se ynspektearre wurde kinne. Mar ek wurdt der sjoen nei de seilen, swurden, boatmansstoel en it kluvernet foarop it skip.
Dêrneist moat der ek in sertifikaat fan tugaazje wêze, dêr't ûnder oare sjoen wurdt nei de mêst, gyk en touwen. Dat sertifikaat is 2,5 jier jildich.