Liveblog
|
26 septimber
112-nijs 26 septimber: Trekkerrider fan It Hearrenfean oanholden nei slim ûngelok
Yn dit liveblog hâlde we dy op 'e hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 26 septimber, 17:27
17:27
Brânwacht yn Harns útriden foar gaslekkaazje
De brânwacht fan Harns is tiisdei útriden foar in melding fan in gaslekkaazje oan de C.P.M. Rommestrjitte. By wurk wie der in lieding rekke, sa die bliken. De brânwacht hat de boel stabilisearre oant de situaasje oerdroegen wurde koe oan spesjalisten fan Liander.
16:47
Trekkerrider fan It Hearrenfean oanholden nei ûngelok mei 14-jierrich famke

In 23-jierrige man fan It Hearrenfean is oanholden nei in slim ûngelok mei in trekker. Hy wie bûten de provinsje dwaande mei meanwurk by de N344 tusken Deventer en Twello. Dêrby is in famke fan 14 jier út Schalkhaar oerriden. Sy rekke slimferwûne.
Nei alle gedachten is de trekker efterútriden en koe it famke op de fyts net mear fuortkomme. Sy rekke beknypt, har fyts lei bot skansearre oan de foarkant fan de trekker
It hat sa'n healoere duorre foar't it slachtoffer nei it sikehûs brocht wurde koe. De Verkeers Ongevallen Analyse docht ûndersyk nei de situaasje. De bestjoerder fan de trekker út It Hearrenfean is oanholden. Dat wurdt altyd dien by sokke slimme ûngelokken. De dyk is yn behear by de provinsje Gelderlân, mar it wurk waard útfierd troch in lokale oannimmer.
16:13
Ynbraken by bedriuwen op Skiermûntseach en Skylge
De plysje fan It Amelân warkôget foar fan ferskate ynbraken by bedriuwen. Sa'n oardel wike lyn wiene der ynbraken op Skiermûntseach en yn augustus wie it op Skylge ek safier. De plysje freget minsken om goed op te letten by fertochte minsken en situaasjes en melding te dwaan by de plysje.
15:14
Grut ûngelok yn Berltsum
Op de Westergoawei (N383) by Berltsum hat in botsing west tusken in taksybus en in linebus fan it iepenbier ferfier. Der binne meardere ferwûnen, neffens de plysje ynsitters fan beide bussen.
Mear ynformaasje yn ûndersteand artikel:
14:07
Buske útbrând op Lauwersseewei

Op de Lauwersseewei tusken Dokkum en Mitselwier is tiisdeitemiddei in buske útbrând. De brânwacht fan Ternaard kaam te plak en krige it fjoer ûnder kontrôle.
Der kaam in soad reek frij by de brân. De dyk wie in skoft ôfsletten, mar yntusken is de Lauwersseewei wer frij. In berger sil it buske fuortslepe.
13:24
Plysje siket smartwatch fan deade man by Sint Anne

De plysje siket nei in smartwatch, fan de man dy't ein augustus dea oantroffen waard op de dyk by Sint Anne. De man soe it horloazje noch wol om ha foardat hy ferstoar, mar doe't de plysje him oantrof wie dat net mear it gefal.
It is noch net dúdlik wêr't it slachtoffer presys oan ferstoarn is. De man fan 35 jier út Ljouwert soe al op de dyk lein ha, doe't twa auto's him oanrieden.
"Allemaal informatie"
Neffens Renate Winkel fan de plysje is it belangryk dat it horloazje fûn wurdt. "De smartwatch, waarschijnlijk van het merk Apple, draagt allemaal informatie. Die willen we graag meenemen in het onderzoek."
Der is yntusken spoare-ûndersyk dien en mei tsjûgen sprutsen. Ek binne kamerabylden besjoen en is seksje op it lichem útfierd.
"Voor ons staan alle scenario's nog open", neffens de plysje. Dy wol witte hoe't de man op 'e dyk terjochte kaam en hoe't hy úteinlik ferstoarn is.