Folsleine steatefraksje ChristenUnie Fryslân wurdt tydlik ferfongen

Petra Ellens, nije fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De steatefraksje fan de ChristenUnie sil woansdei twa nije fraksjeleden beëdigje. Margreet Jonker waard begjin dizze moanne út de fraksje set, fraksjefoarsitter Jantsje van der Veen lûkt har út reden fan sûnens tydlik werom.
Petra Ellens sil it fraksjefoarsitterskip op har nimme. Sy wie de tydlike ferfanger fan Margreet Jonker. Dy waard yn juny skorst nei in klacht oer har yn de priveesfear. Douwe van Oosten nimt de twadde sit yn.
Oft dizze twa steateleden lang yn de Steaten bliuwe is ôfwachtsje. Margreet Jonker har skoarsing is nei 16 wike, yn oktober, ôfrûn. Sy hat dêrnei it rjocht werom te kommen yn de Steaten. Jantsje van der Veen har ferfanging sil sa'n 16 wike duorje.
De ChristenUnie hat twa sitten yn Provinsjale Steaten en sit yn de koälysje mei de BBB, it CDA en de FNP. As se de sit fan Jonker kwytreitsje, hâlde se 23 fan de 43 sitten oer.