Jongste boargemaster fan Fryslân feestlik ferwolkomme yn Nij Beets

Yn Nij Beets waard de nije boargemaster mei syn húshâlding wolkom hjitten troch riedslid Bareld van der Meer © Omrop Fryslân
Opsterlân hat fan hjoed ôf de jongste boargemaster fan Fryslân. De 38-jierrige Andries Bouwman waard moandeitemiddei mei syn húshâlding wolkom hjitten yn Museum It Damshûs yn Nij Beets.
Der wurdt yn Opsterlân wol wat ferwachte fan de relatyf jonge boargemaster. Gemeenteried en wethâlders hoopje dat de ChristenUnie-bestjoerder foar 'mear dynamyk en schwung' soargje kin yn dizze plattelânsgemeente.
Omdat in boargemaster ek de skiednis fan syn gemeente kenne moat krige er moandei fuortendaliks koarte rûnliedings troch it feanterijmuseum, it Sudergemaal en Museum Opsterlân op 'e Gordyk.

Sichtber en berikber

"It hat net altyd weelde west yn dizze gemeente", seit CDA-fraksjefoarsitter Bareld van der Meer. "It is moai om de nije boargemaster ek wat sjen te litten fan ús skiednis." Bouwman stelde de bysûndere ûntfangst tige op priis. Foar de yngong fan it museum stie in hage fan skoalbern. Dêr wer achter spuite de frijwillige brânwacht in earebôge.
Jongste boargemaster fan Fryslân feestlik ferwolkomme yn Nij Beets
It is in trend fan de lêste jierren om mear wurk te meitsjen fan it wolkom fan in nije boargemaster as allinnich mar in offisjele ynstallaazjegearkomste yn de gemeenteried. Opsterlân docht dat mei sin. De gemeente wol graach dat de nije boargemaster goed sichtber en berikber is foar de befolking. Bouwman fynt dat sels ek tige wichtich.

Sechstjin doarpen

"In deze tijd waar mensen steeds meer tegenover elkaar staan wil ik graag werken aan sociale cohesie. We moeten het gesprek met elkaar blijven aangaan en goed voor elkaar zorgen in deze mooie gemeente."
Bouwman krijt hjir folop de kâns foar, want de kommende tiid mei er op besite yn alle sechstjin doarpen fan de gemeente en dêr ek yn petear mei de pleatslike belangen en oare fertsjintwurdigers fan pleatslike organisaasjes.

Kristlike partij

Bouwman is yn it foarhinne sa reade Opsterlân de earste boargemaster fan in kristlike politike partij. Mar dy partijkleur is hjoeddedei foar in soad minsken fan ûnderhearrich belang. "Ik hear amper kommentaar op it feit dat it ien fan de ChristenUnie is", seit haadredakteur Arend Waninge fan de pleatslike krante Sa!.
"Minsken binne benammen benijd nei de nije boargemaster omdat er sa jong is." Bouwman hoecht him neffens Waninge net te ferfelen, want mei lytse doarpen, ferlet fan wenningbou, ferskate Natura-2000 gebieten en in soad boeren lizze der genôch útdagingen yn de gemeente, dêr't ek in nije boargemaster in bydrage oan leverje kin.