Hoarekamagnaat Harry Westers: "Fryslân hoeft niet bang te zijn voor Amsterdamse toestanden"

Amsterdamske tastannen mei miljoenen toeristen op de Wallen: dêr hoecht Fryslân net benaud foar te wêzen, seit hoarekamagnaat Harry Westers. Westers docht dy útspraak nei oanlieding fan it ûndersyk dat Planbureau Fryslân dien hat nei toerisme yn ús provinsje.
In lyts persintaazje fan de respondinten yn dat ûndersyk fynt dat der te folle toeristen yn Fryslân komme. Dat oantal gie wat omheech: fan seis nei njoggen persint. Benammen yn de regio Súdwest-Fryslân fine relatyf sjoen in soad ynwenners (16%) dat der te folle toeristen binne.
Tanimming toerisme
Nettsjinsteande dat it tal toeristen yn Fryslân mei 32 persint tanaam is, ferwachtet hoarekaman Harry Westers net dat wy hjir lêst krije fan massatoerisme.
"Fryslân heeft veel ruimte. Natuurlijk zie je op mooie dagen dat het druk is in watersportgebieden, maar dat is niet vergelijkbaar met Amsterdam. Het aantal bedden hier is beperkt, dus ik geloof niet dat Friesland ooit last gaat krijgen van massatoerisme."
Westers is eigener fan fjouwer hotels yn ús provinsje: op Flylân, Skylge, It Amelân en yn Ljouwert. De tanimming fan it tal toeristen yn de ôfrûne tsien jier sjocht Westers ek.
Bûtenlân
"In Leeuwarden zien we dat er steeds meer gasten komen met de fiets achterop de auto. Dat zien we vaker. Het is wel weersafhankelijk", seit Westers. "Dit jaar zien we voor het eerst weer dat de trek naar het buitenland toeneemt. Door de coronatijd hebben we veel gasten uit eigen land gehad."
Ofrûne simmer wie it tal gasten yn de hotels fan Westers minder. "Eind augustus hebben we nog wel een mooie periode gehad, dan zie je het aantal boekingen gelijk weer toenemen. Maar al met al werkte het weer niet bepaald mee deze zomer."
Toeristen witte it paad nei Fryslân dus goed te finen, mar Westers fynt dat der op dat mêd noch in soad te ferbetterjen falt.
"Wat tegenwoordig een trend is, is dat mensen graag met een sloep de omgeving willen verkennen. Als je het mij vraagt zijn er nog te weinig plekken met mooie uitspanningen aan het water." Ik heb daar ook eerder over gesproken met de verantwoordelijke gedeputeerde, Avine Fokkens. Wellicht dat dit beter wordt in de toekomst."