Histoarika siket Fryske froedfroulju op in bysûndere foto út 1934

De foto út 1934 mei Antje Velde, Jetske de Jong en Jakobine Jensen. Mar wa is wa? © Minie Baron | Tresoar
Histoarika Minie Baron siket ynformaasje oer froedfroulju yn Fryslân. Spesifyk hopet sy te witten te kommen wa't wa is op in foto út 1934, dêr't trije Friezinnen op steane.
Baron docht ûndersyk nei de kreamkundigen yn ús provinsje yn de 19e en 20e iuw. "Het is de bedoeling dat er een publicatie komt, een artikel of een boek", fertelt sy.
Sy is gastûndersiker by de Fryske Akademy en wennet yn Nij Beets. Earder skreau Baron oer de sûnenssoarch yn Grins, mar sy woe ek graach ûndersyk yn Fryslân dwaan. Dêr is sy no al in tal jierren mei dwaande.
Histoarika Minie Baron (1949) © Omrop Fryslân
Op dit stuit rjochtet sy har op de perioade tusken 1900 en de Twadde Wrâldoarloch. "Dat is een heel belangrijke periode geweest voor de professionalisering van het beroep. Er gebeurde veel waardoor het beroep aan status won."

Tige nijsgjirrige beropsgroep

In froedfrou of kreamkundige hâldt har dwaande mei it begelieden fan in befalling en de perioade wêryn't in frou yn ferwachting is. "Het vak is heel interessant, omdat het eigenlijk het eerste beroep in Nederland is waar vrouwen een diploma voor moesten hebben voordat ze het beroep mochten uitoefenen."
Eins hat it berop al iuwen in beskerme status, leit Baron út. "Als mensen verloskundige hulp boden zonder dat ze daarvoor bevoegd waren, konden ze aangeklaagd worden. Beroepsopleidingen voor vrouwen zijn eigenlijk nog niet zo heel oud, maar dit beroep is al vanaf de 17e eeuw een erkend, geschoold beroep."
In 19e-iuwske print fan in froedfrou © Rijksmuseum | RP-P-1904-3221
Baron hopet oer in jier al in hiel ein te wêzen mei har publikaasje. "Ik moet nog veel gegevens in kaart brengen. Ik zou ook graag willen weten hoeveel vrouwen uit Fryslân naar de kweekscholen in Amsterdam en Rotterdam gingen en hoeveel er terugkeerden."
De besetting fan it tal froedfroulju hat Baron wol sa'n bytsje yn kaart. "Op dit moment zijn er zo'n 166 vroedvrouwen in Fryslân, maar in 1960-1970 was sprake van een dieptepunt. Toen waren er nog maar 17, terwijl er in 1900 nog zo'n 40 waren."

Grutsk op it wurk

It falt Baron op dat kreamkundigen faak grutsk wiene op harren wurk en relatyf lang trochwurken. It berop betsjutte in soad foar de froulju, sa docht bliken.
In pear kreamkundigen yn 'e dop, in detail út de foto © Minie Baron | Tresoar
In bysûndere fynst foar Baron wie in kykje út 1934. "Ik kreeg een foto van de eindexamengroep van de Rijkskweekschool voor Vroedvrouwen in Amsterdam. In dat jaar werden zes vrouwen gediplomeerd, van wie er drie in Fryslân terechtkwamen. Dat is relatief veel en dus bijzonder."

Antje, Jetske en Jakobine

Twa fan har waarden yn Fryslân berne, in oar kaam út Súd-Hollân, mar ferhuze nei de oplieding nei Fryslân ta.
It giet om Antje Velde (1912 Nijeberkeap-2011 Epe), dy't mei Johannes Hoekstra troude en by Nij Beets wurke, Jetske de Jong (1897 Suwâld), dy't mei Jan Thomas Steen troude en yn gemeente Ljouwerteradiel aktyf wie, en om Jakobine Jensen (1911 Den Haag-1983 Sint Anne), dy't mei Johannes Blanksma troude en yn Sint Anne aktyf wie.
It trijetal stiet mei noch in fjouwertal froedfroulju op de foto. Sy studearren yn 1934 ôf op de Rijkskweekschool voor Vroedvrouwen yn Amsterdam. It wie in strange oplieding, dy't trije jier duorre. Mar de froulju foarmen in hechte groep.
Minie Baron fertelt it bysûndere ferhaal fan de foto út 1934
Baron is der yntusken efter dat Jakobine Blanksma-Jensen de frou hielendal links is. Antje Hoekstra-Velde stiet twadde fan rjochts, sa is no ek bekend.

Wa is frou Steen?

Mar wa't Jetske Steen-de Jong is, wit sy noch net. "Ik heb alle namen, maar ik weet niet welke naam bij welk gezicht past. Behalve de twee die ik al heb achterhaald."
Fan frou Steen út Huzum/Ljouwert is wol in foto bekend wêrop't sy in jier as 71 is. Yn 1969 kaam sy yn de krante doe't sy nei goed 35 jier en mear as 8.000 befallingen ophold mei har praktyk.
"Maar op die foto is ze al zo veranderd, dat ik haar niet meer kan koppelen aan een van de dames op de foto. Ze woonde jarenlang in een bovenwoning aan de Schrans en later in de Matthias van Pellicomstraat."
Tresoar hat de foto foar Baron dield op sosjale media. Wa't mear wit oer de foto of de kreamkundigen, kin terjochte by Tresoar of Baron sels.