Boeren wolle stikstofregel oertrêdzje: ierappels noch net klear foar risping

Ierappelboeren op sângrûn wolle har net oan de regel hâlde om foar 1 oktober te rispjen. De ierappels moatte dan plak meitsje foar gewaaksen dy't stikstof fange, mar in soad konsumpsje-ierappels binne noch net ryp.
Eins hie boer Anne Graafstra al begjinne moatten om syn ierappels binnen te heljen, mar syn lân by Appelskea leit der stil by.
Boer hellet net alle ierappels út de grûn foar 1 oktober
De ierappels binne noch net ryp en dus stiet hy foar in dilemma. En dat jildt foar in soad ierappelboeren op sângrûn. Dy wolle har net oan de nije regel hâlde. "Ien oktober is te betiid foar dizze ierappel", leit Graafstra út.
Doel fan de maatregel is om in minder heech nitraatgehalte te krijen yn it grûnwetter. Dat bart troch de útspieling fan minder stikstof.
Natuer bepaalt it skema
"En dit jier ha we it neidiel dat wy in let foarjier hân ha. We lizze trije wiken achter op skema en dan skoot alles op. We hawwe te krijen mei natuer en de natuer bepaalt. It is in regel dy't yn de lânbou net ta te passen is."

De konsekwinsje fan it oertrêdzjen fan de regel is dat de boeren takom jier minder bemeste meie en dêrtroch folle minder opbringst krije. "Ik fyn it weardeleas", seit Graafstra.
"It doel wurdt ek net helle. Dit binne griene ierappels en dy lizze noch hieltyd stikstof fêst. Om dy no ôf te slachtsjen, dat is gewoan itensfergriemerij." Boppedat moatte de gewaaksen, dy't dan plante wurde om stikstof te fangen, lykas raaigers en rogge, earst ek noch groeie foardat se harren wurk dogge.
Datum ferskowe
Graafstra wol mei lânbou-organisaasje LTO besykje om de burokratyske regel fan tafel te krijen om ek nei 1 oktober ierappels rispje te kinnen.
"It ministearje seit dat it fan Brussel moat, mar yn België hawwe se de datum fan 15 oktober ferskood nei 15 novimber. Nederlân bliuwt by dy 1 oktober. Normaal binne we 1 novimber klear, dus dat soe ús bot helpe kinne as it in moanne opskoot."
België en Dútslân
Yn België en Dútslân moatte de boeren harren oan deselfde stikstofnoarm hâlde mar hawwe sy mear frijheid yn wannear't sy rispje kinne.
Teun de Jong, bouboer en foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond, jout oan dat de datum fan 1 oktober bepaald is om derogaasje yn de feehâlderij yn stân te hâlden. Hy fynt dat de ferkearde sektor opdraait foar de stikstofproblematyk. Hy pleitet derfoar om it de boeren yndividueel oplosse te litten.