Fryske PvdD hat begryp foar Ouwehand har kar en hopet op faasje

Partij voor de Dieren Fryslân hat alle begryp foar it weromlûken fan partijlieder Esther Ouwehand. Fryske fraksjefoarsitter Menno Brouwer hopet foaral op klearens, sa gau as mooglik.
Brouwer wie ôfrûne wykein oanwêzich op it kongres fan de partij. Dêr keazen de leden mei in grutte mearderheid foar it oanbliuwen fan Ouwehand. Mar sy besleat sels in stap werom te setten, yn ôfwachting fan ûndersyk nei mooglike yntegriteitsskeinen.
"Hard gelag"
"Dat snap ik, want als het gaat om integriteit dan is dat een zware beschuldiging", seit Brouwer. "Dat gaat je niet in de koude kleren zitten. Zeker bij een persoon als Esther Ouwehand, die authentiek is en veel drive heeft om het verhaal van de Partij van de Dieren naar voren te brengen. Het is een hard gelag."
In pear wiken lyn eskalearre in al langer spyljend skeel tusken Ouwehand en it partijbestjoer. Sy waard beskuldige fan it skeinen fan de yntegriteit, mar der is noch hieltyd net dúdlik wêr't it om giet. It bestjoer is yntusken opstapt. Ouwehand krige in soad applaus en stipe op it partijkongres, mar docht efkes in stap tebek.

Brouwwer seit mei klam dat Ouwehand har tydlik weromlutsen hat. "De bedoeling is wel dat ze de kar gaat trekken. Het liefst zo snel mogelijk, alleen er zal duidelijkheid moeten komen over die integriteitsmeldingen die er gedaan zijn. Het betekent dat het interim-bestuur nu aan zet is."
"Intern rebûlje is nooit gunstig", fersuchtet Brouwer. "Maar als je het op een relatief snelle manier kunt oplossen, dan heb je nog tijd voor de campagne om onze zaken goed naar voren te brengen, de rijen te sluiten en te laten zien dat de Partij voor de Dieren schoon schip heeft gemaakt."
Brouwer bliuwt posityf en is wiis mei syn programma, de kieslist en de PvdD-efterban. De partij hat noch 57 dagen oant de ferkiezingen.