Liveblog | 25 septimber 2023

112-nijs fan 25 septimber: Sjitynsidint op Bleeklaan yn Ljouwert | Plysje siket horloazje ferstoarne man Sint Anne

Yn dit liveblog hâlde we dy op 'e hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 25 septimber 2023, 22:29
22:29

Fytsedief pakt yn Dokkum

Yn Dokkum is moandeitejûn in fytsedief oanholden. De eigener fan de fyts seach dat syn fyts stellen waard oan de Westersingel en sette de achterfolging yn.
De fertochte liet de fyts achter en rûn fierder. In tsjûge hold de fertochte yn de gaten en belle de plysje.
Letter waard de 36-jierrige fertochte sûnder fêst ferbliuwplak oanholden oan de Stasjonswei.
17:45

Sjitynsidint yn Ljouwert

© CAMJO Media
Op de Bleeklaan yn Ljouwert hat in sjitynsidint west. Der soe ferskate kearen sketten wêze, mar neffens de plysje is der net ien ferwûne. De plysje krige de melding om 17.00 oere hinne binnen en is yntusken op it plak. Der wurdt in ûndersyk opset. Mear is der op dit stuit noch net bekend.
17:13

Persoan ferwûne rekke by bedriuwsûngelok yn Wolvegea

© BTBfotografie
By in bedriuwsûngelok yn Wolvegea is ien persoan ferwûne rekke. Dat barde oan de Frisaxstraat.
De persoan is behannele troch in ambulânse en is nei it sikehûs brocht.
Wat der krekt bart is, is noch net dúdlik.
16:53

Plysje siket horloazje ferstoarne man Sint Anne

De plysje siket nei de applewatch fan de man dy't ôfrûne moanne oanriden waard yn Sint Anne.
De man soe foar syn ferstjerren it horloazje noch om hân hawwe, doe't hy op de dyk oantroffen waard wie dat net mear sa.
It soe neffens de plysje wêze kinne dat it horloazje op syn mooglike rûte troch de Nassaustrjitte, Van Harenstrjitte of fia it strjitsje fan it tsjerkehôf rjochting de Middelweg-Oost weirekke is.
De plysje freget minsken dy't it horloazje fûn hawwe of der mear oer witte kontakt op te nimmen.
09:59

Rûnwei Wâldsein ticht, ferkear moat oer De Lemmer

De rûnwei om Wâldsein by de Vosseleane © Google Street View
De provinsje wurket op dit stuit oan de rûnwei om Wâldsein hinne. It giet om de N928 (Ypekolsgea), fan de rotonde Ypekolsgea oan de súdkant fan it doarp oant de rotonde Vosseleane oan de noardkant fan it doarp. De opkear duorret fan moandei (07.00 oere) oant en mei freed (17.00 oere).
Fytsers kinne der noch wol del, mar it autoferkear moat omride. De provinsje hat it leafst dat it trochgeand ferkear omrydt fia De Lemmer en Spannenburch, oer de N359, A6 en N354. It iepenbier ferfier rydt ek in alternative rûte.
De omliedingsrûte © Provinsje Fryslân