Toerisme yn Fryslân nimt flink ta: dat hat foardielen, mar der is ek noed

Drokte op it strân fan Makkum © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Folle mear toeristen fiere fakânsje yn Fryslân. Yn tsien jier tiid is it tal registrearre oernachtings groeid fan oardel miljoen nei mear as twa miljoen. Dat is mear as tritich persint.
It Planbureau Fryslân hat ûndersocht oft Friezen neidielen ûnderfine fan de groei fan it toerisme. No docht bliken dat de measte ynwenners wol libje kinne mei de groei. Mear as sechstich persint fan de minsken fynt dat it oantal toeristen yn balâns is.
Tanimming toerisme yn tsien jier © CBS
Friezen sjogge foardielen fan it toerisme, seit ûndersiker Sibilla Hoekstra. It kin in positive ynfloed hawwe op de regionale ekonomy.

Mear foarsjennings troch toerisme

"It hat ek foardielen foar de foarsjennings yn de regio", seit Hoekstra. "Benammen yn Súdwest-Fryslân hast folle restaurantsjes, omdat der folle toeristen komme en dêr kinne de eigen ynwenners ek wer fan profitearje."
It oandiel fan de minsken dat fynt dat der te folle toeristen komme, giet wol wat omheech: fan seis nei njoggen persint. De komst fan mear toeristen kin skea feroarsaakje oan natuergebieten of soargje foar mear oerlêst.
Hoekstra: "Op De Lemmer wurdt der wolris klage dat der net genôch parkearplakken binne foar de eigen ynwenners troch de komst fan mear toeristen."

Rêst en romte

Tweintich persint fan de minsken fynt dat mear toeristen net goed is foar de rêst en romte. As it toerisme fierder tanimt, is it wichtich om te monitoarjen oft minsken net mear oerlêst ûnderfine.
It is dêrom belangryk om te sjen nei sprieding. De measte toeristen komme op de Waadeilannen en yn Súdwest-Fryslân, en minder yn Noardeast-Fryslân. Ek soe toerisme mear oer de seizoenen ferdield wurde kinne, sadat it gjin neidielige gefolgen hat foar de natuer en de rêst en romte, seit Hoekstra.