Iuwenâlde skipswerf yn Warkum behâlden foar de takomst, foarsitter krijt lintsje

Skipswerf de Hoop yn Warkum © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Yn 330 jier binne ûntelbere jollen, jachten en tsjotters in stik moaier nei bûten rôle, as dat se binnen kamen. Dochs wie skipswerf De Hoop yn Warkum no sels driuwend oan ûnderhâld ta. Mei stipe fan de provinsje is dat slagge.
Mei de tewetterlitting fan in Wieringer Aak troch de boargemaster en kommissaris fan de Kening is fierd dat de werf wer yn âlde steat werombrocht is. De lêste renovaasje wie yntusken al hast 50 jier lyn. De skipswerf bestiet sûnt 1693.
Skipswerf De Hoop yn Warkum is opknapt
De kieren yn it dak fan it wurkplak wiene foar guon miskien part fan de sjarme, mar it makke it wurkjen der net ienfâldiger op. Mei twa ton stipe fan de provinsje is it gebou bewarre bleaun foar de takomst.

Pronkjes

Neffens stichting De Hoop soe dizze skipswerf wolris de âldste noch besteande fan it lân wêze kinne. Yn de jierren '70 fan de foarige iuw drige sloop: de gemeente seach mooglikheden foar parkearromte.
Boargemaster Jannewietske de Vries is bliid dat is safier net kaam is: "Hjir rûkst de tiid. Dat is prachtich. De houten skippen dy't hjir makke wurde, binne pronkjes."

Lintsje

Foar foarsitter Miks van Schelven (75) hie de boargemaster in ferrassing: mei in keninklik lintsje is hy beleanne foar hast 50 jier ynset foar de werf. Van Schelven kundige syn fuortgean as foarsitter oan. Hy wurdt opfolge troch Meindert Seffinga, de âld-direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.