Malêze hâldt oan by Hearrenfean nei fjirde nederlaach op rige

Simon Olsson baalt nei de 0-2 fan Nikolas Agrafiotis © ANP
De problemen steapelje har op by sc Hearrenfean. Foar de fjirde kear op rige ferlearen de Friezen in earedivyzjewedstriid, dizze kear thús fan Excelsior (0-3). Boppedat wie it spul fan de ploech fan trainer Kees van Wonderen swier ûnfoldwaande.
Ferline wike ferlear Hearrenfean al mei 6-1 fan Feyenoord, mar de ploech liet sneon net sjen dat it út wie op revâns.
By de Friezen wie Thom Haye werom fan in skorsing. De middenfjilder stie ek fuort yn de basis, dêrtroch siet Anas Tahiri op de bank.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Hall, Van Beek, Van Ottele, Köhlert; Brouwers, Haye, Olsson; Nunnely, Nicolaescu, Sahraoui
Hearrenfean like nei 9 minuten op foarsprong te kommen doe't Simon Olsson fan de râne fan it strafskopgebiet ôf doeltreffend úthelle. Der gie lykwols in streek troch it doelpunt nei tuskenkomst fan de VAR: earder yn de oanfal hie Haye nammentlik hands makke.
Tsien minuten letter wie it oan de oare kant wol raak, en op dit doelpunt foel neat oan te merken. Ald-Hearrenfeanspiler Couhaib Driouech krige te folle romte fan Denzel Hall en skeat de bal fraai yn de hoeke: 0-1.
Driouech wie net te hâlden, ek net foar Hall © Orange Pictures
Excelsior drukte fuort troch. Haye ferlear in duel op it middenfjild fan Redouan El Yaakoubi en dy sette Driouech allinnich foar Hearrenfeankeeper Andries Noppert. Driouech skeat de bal kreas binnen, mar lykas by Olsson earder dizze wedstriid waard de goal ôfkard. Driouech stie bûtenspul.

Fluitkonsert

Gjin 0-2 dus, mar dat soarge der net foar dat it segryn ferdwûn út it Abe Lenstra Stadion. Ferkearde passes waarden begroete mei in fluitkonsert fan de tribunes ôf en dus hienen de supporters it drok.
Sven van Beek wurdt der moedeleas fan © Orange Pictures
Hearrenfean wist net wat it mei de bal dwaan moast. Excelsior koe dus rêstich ôfwachtsje oant de Friezen in flaterke makken. Nei sa'n flaterke kaam Derensili Sanches Fernandes allinnich foar Noppert te stean. De ynset wie de doelman ek te machtich, mar op de doelline brocht Sven van Beek rêding.
Krekt foar it skoft foel de 0-2 dochs. Syb van Ottele levere de bal sa yn en Excelsior kaam der fluch út. De bal kaam úteinlik by Nikolas Agrafiotis en dy skeat fia Noppert binnen. Mei dy stân sochten beide teams ûnder begelieding fan de gjalp 'schaam je kapot' fan it Hearrenfeanpublyk de klaaikeamers op.
Excelsior bliid mei in doelpunt © Orange Pictures
Mei Pelle van Amersfoort yn it plak fan de teloarstellende Ion Nicolaescu hope Hearrenfean yn de twadde helte op in omkear. De Friezen krigen fia in frije traap fan Thom Haye ek de earste kâns, mar Excelsiordoelman Stijn van Gassel hie in antwurd op dy ynset.

Debút Wålemark

Hearrenfean moast wat forsearje en brocht dêrom yn de 62ste minút Patrik Wålemark yn it fjild. It wienen de earste minuten yn it pompeblêdeshirt foar de man dy't oerkaam fan Feyenoord. Wålemark krige ek fuort in goede kâns, mar hy skeat deun oer.
Hearrenfean besocht it wol, mar koe it Excelsior nea echt dreech meitsje. Yn minút 82 wie Pelle van Amersfoort noch it tichtst by in doelpunt, mar syn skot einige yn it sydnet.

Duel beslikke

Yn de 88ste minút makke Excelsior de jûn noch pynliker foar Hearrenfean. Troy Parrott krige de bal op de râne fan it strafskopgebiet en skeat hurd binnen: 0-3. Dat wie ek de einstân.
Hearrenfean bliuwt op seis punten stean út likefolle wedstriden. De ploech stiet no tolfde, mar der kinne snein noch mear ploegen oerhinne. It mei dúdlik wêze dat de problemen grut binne by Hearrenfean.
Sa stadichoan ropt de fraach him op oft trainer Kees van Wonderen oanbliuwe kin. Guon supporters wienen der wol út: sy rôpen manmachtich "Keessie rot op" fan de tribune ôf.