HEA! De lêste woartels út 'e tún

HEA! Goeie Wergea
Simon Hoepen is drok dwaande op syn folkstúntsje yn Wergea. Hy hellet de winterwoartels derút. Hoepen hâldt hast op mei it túnkjen, want op 91-jierrige leeftiid wurdt it him wat te bot. Mar dat muoit him wol.
Hoepen is berne yn Ljouwert, mar hat it grutste part fan syn libben yn de Betuwe wenne. Nei't er syn frou ferlear, kaam er yn kontakt mei widdofrou Wietske, dy't er noch koe út syn jeugd yn Ljouwert. No wenje se nei alle tefredenheid tegearre yn Wergea.