Ofbrând frachtskip Fremantle Highway oankommen yn Rotterdam

De Fremantle Highway is sneontemoarn yn Rotterdam oankaam, hast twa moannen neidat op it frachtskip brân útbruts boppe It Amelân. It skip gie tongersdeitemiddei fuort út de Grinzer Eemshaven, dêr't it sûnt begjin augustus lei.
It skip wurdt nei Damen Shiprepair yn de Botlek brocht, dêr't it foar in part ûntmantele wurdt om reparaasjewurksumheden útfiere te kinnen. Der wurde ek opromwurksumheden en ynspeksjes útfierd.
Damen ferwachtet dat de wurksumheden sa'n fjouwer oant fiif moannen yn beslach nimme sille. Wat der dêrnei mei it skip bart, is noch ûndúdlik.
Yn de nacht fan tiisdei 25 op woansdei 26 july bruts op it skip brân út, doe't it op folle see boppe It Amelân lei. Der foel in deade en meardere minsken rekken ferwûne. De Fremantle ferfierde op it momint fan de brân goed 3.700 auto's, wêrûnder hast 500 elektryske. Op 3 augustus waard it skip nei de Eemshaven sleept.