Liveblog
|
24 septimber
De sport fan 23 en 24 septimber: Noppert útskeakele op Hungarian Darts Trophy
Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein.
Lêst bywurke: 24 septimber, 16:04
snein 24 septimber
16:04
Noppert útskeakele op Hungarian Darts Trophy
Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der net yn slagge de kwartfinale te heljen op de Hungarian Darts Trophy.
Yn Boedapest ferlear Noppert mei 6-5 fan de Ingelskman Scott Williams. Dat wylst Noppert de nûmer 9 fan de wrâld is en Williams de nûmer 56.
De Jouster kaam noch mei 0-2 foar, mar koe dy foarsprong net fêsthâlde. Uteinlik luts Williams dus oan it langste ein.

15:07
Gjin medaljes foar Fryske shorttrackers
De twadde dei fan it NK shorttrack yn de Ljouwerter Alvestêdehal is foar de Fryske shorttrackers net hiel suksesfol ferrûn. Op de 1.000 meter wûn Femke de Boer fan Stiens de B-finale en by de manlju waard Itzhak de Laat fiifde yn de A-finale.
12:31
Oranje follybalsters ferlieze ek wedstriid
De Nederlânske follybalsters ha úteinlik ek de wedstriid tsjin de Dominikaanske Republyk ferlern. It waard 3-2 yn it neidiel fan Oranje fia de setstannen 25-20, 20-25, 25-19, 23-25 en 15-12.
Mei de winst kwalifisearre de Dominikaanske Republyk har yn groep A nei koprinner Servië foar de Olympyske Spelen takom simmer.
Oranje is no ôfhinklik fan de posysje op de wrâldranglist yn juny. Fia dy omwei kinne fiif lannen noch in ticket bemachtigje foar Parys 2024.

11:40
Gjin pleatsing Spelen foar Oranje, wachtsje op wrâldranglist
It is de Nederlânske follybalsters, mei Marrit Jasper, net slagge om harren rjochtstreeks te pleatsen foar de Spelen yn Parys op it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Sina. Oranje moast mei 3-0 of 3-1 winne fan de Dominikaanske Republyk, mar nei trije sets stie it 2-1 foar de tsjinstanner.
De wedstriid wurdt noch útspile, mar pleatsing foar de Olympyske Spelen fan takom jier kin no allinnich noch op basis fan de wrâldranglist. Dy wurdt pas yn juny bekend.
sneon 23 septimber
23:09
Bekerlotting: Cambuur en Hearrenfean tsjin Limboargers
De twa Fryske klups yn it betelle fuotbal spylje yn de earste ronde fan it KNVB-bekertoernoai beide in thúswedstriid tsjin in Limboarchske earstedivyzjeklup.
22:53
Fjirde ferlies op rige foar Hearrenfean

De problemen steapelje har op by sc Hearrenfean. Foar de fjirde kear op rige ferlearen de Friezen in earedivyzjewedstriid, dizze kear thús fan Excelsior (0-3). Boppedat wie it spul fan de ploech fan trainer Kees van Wonderen swier ûnfoldwaande.