LWD Basket debutearret mei hege ambysjes: "Wij kunnen kampioen worden"

© Dijksfotografie
Trainer Vincent van Sliedregt leit de latte heech yn it earste seizoen fan LWD Basket. "Ik geloof dat we kampioen van Nederland kunnen worden", seit er oan de foarjûn fan it seizoen.
Ferline jier belibbe de basketbalklup út Ljouwert, doe noch ûnder de namme Aris Leeuwarden, in goed seizoen. Yn de earste faze einigen se as fjirde, boppe Donar, yn de Nederlânske kompetysje. Dêrtroch mochten se meidwaan yn de Elite Gold-kompetysje, mei de beste fiif klups fan Nederlân en België.
Yn de kompetysje mei de Belgyske klups hie Aris kwa resultaat neat te sykjen (se ferlearen alles), mar doe folgen noch de Nederlânske play-offs. Aris stunte troch yn de kwartfinale te winnen fan Landstede Hammers út Zwolle. Yn de heale finale waarden se útskeakele troch de lettere kampioen ZZ Leiden.

Gjin suksesfol seizoen

Je soenen stelle kinne dat Aris in goed seizoen draaid hat, mar dêr is Van Sliedregt it folslein net mei iens. "Nee, het vorige seizoen was niet succesvol. Je bereikt de Gold-competitie, maar we wonnen geen beker. Dus die hele mindset van 'wat goed dat we meedoen', daar moeten we zo snel mogelijk vanaf."
"Het is topsport", giet Van Sliedregt fierder. "En dan moet je prijzen winnen. We willen Europa in en dan moet je top drie eindigen. Maar 'succesvol' is een term die we niet verdienden."

Fan Aris nei LWD Basket

Dizze simmer wie der sprake fan in revolúsje by de basketbalklup. Ald-bestjoerders namen de klup wer oer. De namme fan de klup is feroare fan Aris nei LWD Basket, úteinlik moat der in topsporthal komme by it Cambuurstadion en wol de klup Europa yn.
Mei dêrtroch hat Van Sliedregt it idee dat er makliker spilers nei Ljouwert helje kin. "Het heeft ermee te maken dat je nu het gevoel krijgt dat we samen bouwen aan iets. Maar vooral dat ze weten dat hier iets te winnen valt."
Van Sliedregt oer de switch fan Aris nei LWD Basket
Mar ek organisatoarysk is it better wurden. "De staf is beter geworden. We hebben nu twee assistenten, de fysieke begeleiding is beter geworden, het teammanagement is beter geregeld. Dat was er allemaal niet. Dat maakt zeker een verschil."
Neffens de trainer hat dat it soad te krijen mei de komst fan Johan Meijer, Gert Schurer en Paul de Jong. De trije rjochten yn de jierren 90 de klup op en ha de klup no wer oernaam.
"Sinds zij zich weer boos maken, gaat het heel hard. En nu is vooral de vraag of we dit vast kunnen houden. We draaien vooral op hun netwerken, maar we moeten er binnen de organisatie wel voor zorgen dat we meer kunnen dragen. Het kan niet alleen op deze drie mannen draaien."

Itensbakjes helje by de Action

"Neem Johan. Er moet zoveel gebeuren om zo'n team heen. Maar op zaterdagmiddag haalt hij bakjes bij de Action, zodat de spelers daar uit kunnen eten", seit Van Sliedregt.
"Ik waardeer dat enorm, maar dit moet beter georganiseerd worden. Hij moet bezig zijn met sponsors binnenhalen, mensen aansturen."

Kompetysjeformat

Earst is der in kompetysje mei njoggen Nederlânske teams. Dat is faze 1, dy't duorret fan septimber oant en mei febrewaris. De beste fiif gean yn de twadde faze nei de Elite Gold, de ûnderste fjouwer nei de Elite Silver.
Faze 2 bestiet út twa kompetysjes. Yn de Elite Gold spylje de beste fiif klups fan België en Nederlân tsien wedstriden. In Nederlânske klup spilet dan noch in kear út en thús tsjin in Belgyske klup.
Ferline jier kamen dêrnei ek noch de play-offs, mar dat is dit seizoen ôfskaft. Allinnich de twa kampioenen treffe elkoar nochris yn in best-of-3-format.
Faze 3 binne de nasjonale play-offs. De fiif Nederlânske klups út Elite Gold binne automatysk pleatst en dêr komme de beste trije út de Elite Silver noch by. De winnaar fan dizze play-offs mei him kampioen fan Nederlân neame en mei it noch opnimme tsjin de kampioen fan België.
Van Sliedregt is opgroeid yn Nieuwekerk aan den IJssel en Rotterdam en wennet no mei syn frou en trije jonge bern yn Burdaard. Hy fielt him hjir goed ("ik denk dat ik hier nooit weer wegga"), mar hy wol graach trochgroeie mei de klup.
En hy tinkt dat dat kin. "Volgens mij is de stad Leeuwarden ook wel hongerig. De sport staat hier hoog in het vaandel. Dat geeft wel mogelijkheden."

Kampioen fan Nederlân

Sa entûsjast as er is oer de mooglikheden mei it nije bestjoer, sa posityf is er ek oer syn nije seleksje. "Ik geloof dat we kampioen van Nederland kunnen worden. Tja, je moet wel een beetje ambitie hebben. Anders zoek je maar een gewone baan."
Ik had alleen twijfel over de ambities.
LWD Basket-coach Vincent van Sliedregt
Dimitri Maconda is werom yn Ljouwert. Twa seizoenen lyn wie hy ien fan de smaakmakkers, wêrnei't er ien seizoen spile by Sangalhos DC yn Portugal.
It fernuvere Van Sliedregt net dat Maconda weromkaam is. "Het zegt wat over de groei van onze organisatie. Want toen hij wegging, was hij dit station gepasseerd. Maar omdat wij gegroeid zijn, kunnen wij Maconda ook wat bieden. Zowel financieel als organisatorisch zijn we gegroeid."

Maconda ûntbrekt by iepening fan it seizoen

Der is lykwols ien probleem: Maconda is der earst net by. Hy hat meidien oan it WK mei Angola op de Filipinen en rekke dêr blessearre. "Hij kwam fit terug, maar achteraf hebben we niet genoeg tijd genomen. Je neemt het risico en dan zie je dat hij door zijn enkel zakt."
Mar neffens de trainer is it in klassike ankelblessuere en fâlt it mei. "Ik verwacht dat hij over 2, 3 of 4 weken er weer bij is."
Van Sliedregt oer it kommende seizoen
Aris begjint it nije seizoen sneon mei in thúswedstriid tsjin Landstede Hammers út Zwolle. De seleksje fan LWD Basket hat fiif spilers dy't ferline seizoen ek yn Ljouwert spile: Shaquille Doorson, Jurrian Douwes, Reinder Brandsma, Kaleb Warner en Thomas van de Geijn.
Nettjinsteande it feit dat Van Sliedregt it sels net in suksesfol seizoen fûn, prestearre Aris wol boppe ferwachting as je sjogge nei de mooglikheden. Faak komt der dan ek wol belangstelling fan oare klups. "Die kwamen ook wel. Maar we zijn hier nog niet klaar. Als ik zeg we gaan iets doen, dan gaan we ook iets doen. Ik had mijn twijfels over de ambities, maar door de doorstart werd die twijfel al snel weggenomen."