Keunstner Zoltin Peeter hold de rezjy: hy ferneatige it measte fan syn wurk foar syn dea

Zoltin Peeter by in wurk fan him © Omrop Fryslân
Yn Museum Belvédère iepenet meikoarten in tentoanstelling mei wurk fan Zoltin Peeter (1942-2019). De keunstner kaam yn de jierren santich fan Amsterdam nei Fryslân om him folslein te konsintrearjen op syn wurk.
Doe't Peeter ûngenêslik siik waard, naam er it beslút it measte fan syn wurk te ferneatigjen. Ek oer syn libben hâlde er de rezjy. Hy woe him net behannelje litte en keas foar eutanasy. Op 15 maaie 2019 stoar er. Hy wie 76 jier âld.
Yn de FryslânDOK 'ZOLTIN - het dient eerst te vriezen alvorens er ijs is' giet it oer it wurk dat Peeter wol achterlitten hat.
Sjoch hjir nei de dokumintêre:
Peeter wenne allinnich, op in pleats yn de Hallumer mieden. In besiele keunstner dy't al fan de betide jierren sechstich ôf tentoanstellings hie yn belangrike galerys en musea. Ek wûn hy ynternasjonale prizen.
Yn de jierren santich wie hy nei Fryslân ferhuze. Dêr fûn er de stilte en de romte om in hiel eigen byldtaal te ûntwikkeljen.
Zoltin Peeter eartiids by syn pleats yn Hallum © Omrop Fryslân
In stúdzjereis nei de Feriene Steaten brocht him op in spoar dat er de rest fan syn libben folgje soe. Oan de westkust kaam er ûnferwachts each yn each te stean mei in wetterfal, dy't grutte yndruk op him makke. Op syk nei oare wetterfallen bedarre er yn Yslân en Noarwegen.
Fan dat momint ôf waard de hiele noardlike natuer syn ynspiraasjeboarne en de wetterfal syn muze. Dy natuerûnderfiningen fertaalde er nei tekeningen en skulptueren. Hy kreëarre in moaie, hast ûnbeneambere wrâld.
Zoltin Peeter by wetterfal yn Yslân © Omrop Fryslân
In pear moanne foar syn dea hâlde er op mei tekenjen. Hy frege syn freonen him te helpen by it ferneatigjen fan syn wurk. In lytse seleksje mocht bliuwe.
Zoltin syn freonen sykje syn wurk út © Omrop Fryslân
Programmamakker Albert Jensma folge Zoltin syn freon en eksekuteur testamintêr Dolph Kessler. Dy hat him as taak steld om foar it wurk fan Zoltin in goede bestimming te finen. Mar wa wol it hawwe?
Fotograaf en freon Dolph Kessler oer Zoltin Peeter
FryslânDOK: 'ZOLTIN - het dient eerst te vriezen alvorens er ijs is'
In werhelling fan 30/31 oktober 2021.
  • Sneon 23 septimber, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 24 septimber 13.10 oere)
  • Snein 24 septimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.