Liveblog | 23 septimber 2023

112-nijs 23 septimber: Ljouwerter (54) rekket ferwûne by stekpartij | Treinen fan en nei Zwolle ride wer

Yn dit liveblog hâlde we dy op 'e hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 23 septimber 2023, 20:23
20:23

Brân yn Ljouwerter finzenis

Der hat sneontejûn efkes brân west yn in sel yn de Ljouwerter finzenis. Der waard út foarsoarch opskaald nei 'middelbrân'. De situaasje wie lykwols al gau ûnder kontrôle.
20:20

Treinen ride wer

De problemen op it spoar tusken Meppel en Zwolle binne foarby. De treinen ride dus wer op it trajekt Ljouwert-Zwolle.
19:23

Problemen op it spoar duorje langer

De NS ferwachte earst noch dat de problemen op it spoar tusken Meppel en Zwolle oant 19.30 duorje soenen, mar hat dat yntusken bysteld oant 20.30 oere. De fertraging kin noch hieltyd oprinne oant mear as in oere.
18:13

Gjin treinen tusken Meppel en Zwolle

Treinreizgers tusken Ljouwert en Zwolle moatte rekken hâlde mei fertraging, want troch in stikkene boppelieding ride der op it stuit gjin treinen tusken Meppel en Zwolle. De fertraging kin neffens de NS oprinne oant mear as in oere.
De ferfierder ferwachtet dat it opûnthâld oant ûngefear 19.30 oere duorret.
17:19

Auto it wetter yn by Snits

In auto is sneontemiddei yn it wetter bedarre by de eastlike rûnwei fan Snits.
Yn de auto sieten fjouwer persoanen. Sy koenen der mei help fan in oare automobilist úthelle wurde. Net ien rekke ferwûne by it ynsidint.
Wêrom't de auto it wetter yn ried, is net dúdlik.
Auto yn it wetter © BTB Fotografie
10:30

Slachtoffer stekpartij belle sels alarmnûmer

In 54-jierrige ynwenner fan Ljouwert is ferwûne rekke by de stekpartij fannacht yn de wyk Camminghaburen. It slachtoffer slagge der sels yn om it alarmnûmer te beljen.
De plysje seit dat der om ien oere hinne in melding binnenkaam fan it stekynsidint, mar dat it mooglik earder op 'e jûn barde. Meardere plysje-ienheden en in ambulânse giene der fuortendaliks hinne nei de melding. De ferwûne Ljouwerter is dêrnei foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje docht ûndersyk om te efterheljen wat der krekt bard is. It slachtoffer soe troch immen oanfallen wêze yn de omjouwing fan de Humaldastate en de Roptastate. De fertochte soe op de fyts útnaaid wêze yn de rjochting fan it Kalverdijkje.
Der is spoare-ûndersyk dien en de plysje hat mei tsjûgen sprutsen. Minsken dy't mear ynformaasje of kamerabylden fan it ynsidint ha, kinne kontakt op nimme mei de plysje.