Cambuur moat yn de slotminuten belies jaan tsjin Jong FC Utrecht

SC Cambuur hat mei 3-2 ferlern fan Jong FC Utrecht. De beide ploegen blieken aardich oan inoar weage, mar it wiene de Utrechtenaren dy't yn de slotfaze oan it langste ein lutsen.
Cambuur wie op besite by Jong FC Utrecht yn stadion Galgenwaard, dêr't de tribunen foar it grutste part leech wiene. Al yn de earste minuten fan de wedstriid wie it Utrecht dy't de Ljouwerter ploech in warskôging joech. In foarsizzend teken, soe letter bliken dwaan.
Daan Reiziger waard troch de thúsploech fuortendaalks twongen ta in rêding. De dêropfolgjende hoekskop smiet neat op, mar noch gjin minút letter wie it wol raak.
Ut de twadde corner wei wie it spits Mees Rijks dy't Jong FC Utrecht op foarsprong sette. Hy koe suver frijsteand de bal yn it net koppe. Cambuur ferdigene net goed, stie min yn posysje en rûn efter de feiten oan.

Nei de 1-0 moast Cambuur dúdlik oerein klauwe. Fedde de Jong wist Remco Balk fuort te stekken en besocht Milan Smit te berikken, mar syn besykjen rûn op neat út. De bal kaam op 'e hakke fan Smit telâne, noch mar krekt de middelline oer.
It slagge Cambuur net om fet te krijen op de wedstriid, mar troch in hands fan Olivier van Eldik yn de 16 meter kaam Cambuur dochs wer op likense hichte. Milan Smit mocht in penalty nimme en knalde de bal tsjin de touwen fan Gadellaa. Smit makke syn namme as topskoarder wier. 1-1 yn de 16e minút.

Smit liet mei syn penalty de tosken sjen, mar wat folge wie in sleauwe faze fan de wedstriid. Beide ploegen spilen lomp, al hie Cambuur wol de measte balbesit.
Opmerklik genôch waard Utrecht hieltyd mear yn syn ferdigening treaun. Dy kaam yn 'e foarm fan twa read-wite muorren. De ploech keas foar in hoeden spylwize en kaam amper op de helte fan de Ljouwerters.
Hoewol't de giel-blauwen wol oan de lieding giene, ûntbrutsen de echte doelkânsen. Ballen fan De Jong en Caschili kamen net oan. Dat wylst nei de ein fan de earste helte ta Utrecht dochs mear nei foaren kaam. En ek gefaarliker waard.
Wer op efterstân
Der waarden noch twa minuten taheakke oan de earste 45 minuten fan it duel. Dat wie genôch foar de Utrechtenaren: oanfaller Tobias Augustinus-Jensen wist Jong FC Utrecht flak foar it skoft mei in keurige bal yn de fiere hoek op 2-1 te setten.

De twadde helte begûn mei twa wiksels by Utrecht. Nei in oere spyljen folgen dy ek by Cambuur: Smand, De Jong en Balk waarden ynruile foar Bergsma, Uldrikis en El Hilali. Trainer Sjors Ultee fûn dat der wat barre moast.
Doeltreffende wiksel
In goede set, sa die bliken. Want Youns El Hilali krige nei noch gjin twa minuten op it fjild de bal foar de fuotten en makke fan tichtby de lykmakker: 2-2.
Cambuur gie fierder mei Jhondly van der Meer en rôp Caschili nei de kant ta, dy't te lijen hie fan in blessuere. De Ljouwerters setten mear druk, in kopbal fan Breij gie mar roerlings neist. Ek Uldrikis krige in kâns en helle yn in draai út, mar syn bal bedarre in meterke njonken de goal.

Yn it lêste part fan de wedstriid mocht Thomas Pol noch wat minuten meitsje. Sekou Sylla waard nei de kant ta helle.
De tiid fleach lykwols as sân troch de hannen fan Cambuur en dat wie yn it foardiel fan de tsjinstanner. Rafik El Arguioui makke in prachtige dribbel en skeat de bal yn de fiere hoek. Dêrmei kaam Utrecht yn de lêste twa minuten fan de offisjele spyltiid wer op foarsprong.
Yn de ekstra fiif minuten koene de Ljouwerters it tij net mear keare. Cambuur stie mei lege hannen yn de Galgewaard. Jong FC Utecht wûn mei 3-2.
Opstelling SC Cambuur: Reiziger, Caschili, Smand, Van Mullem, Balk, Van Kaam, De Jong, Breij, Tol, Smit, Sylla
Opstelling FC Utrecht: Gadellaa, Van Hees, Kooy, Held, Van Eldik, Schlichting, Leliendal, Rijks, Van der Wegen, Augustinus-Jensen, Hardley