Junior tusken de grutte nammen: Lotte Donderwinkel (17) rydt it NK shorttrack

Lotte Donderwinkel © Martin de Jong
Mei har 17 jier is se noch in nijeling tusken de bekende shorttrackers. Mar Lotte Donderwinkel fan Wergea stiet dit wykein wol moai op it NK shorttrack yn Ljouwert.
Dit wykein rydt se mei it bêste fan it bêste fan de shorttrackers mei. Tusken ûnder oare Xandra Velzeboer en Selma Poutsma komt Lotte Donderwinkel út op it Nederlânsk kampioenskip. Se kwalifisearre har foar de 500, 1.000 en 1.500 meter.
"Dat fyn ik hiel fet", seit it jonge talint út Wergea. "Je sjogge dochs op tsjin in oantal reedriders. Bysûnder dat ik dêr tusken ride mei."
Lotte Donderwinkel © Martin de Jong
Mei in haadbân om en de sportklean noch oan rint se freed troch Thialf. Moarns ried se dêr har lêste kwalifikaasjewedstriid.
Op alle ôfstannen mei se meidwaan, krekt sa't se eins ferwachte hie. "As ik gewoan op myn eigen nivo ride soe, wie der in grutte kâns dat ik my pleatse soe."

Mear as ferskuorrende hurd ride

Under de kwalifikaasje stie se allinnich op de baan om in sa rap mooglike tiid del te setten. De saneamde time trials hearre derby, mar leuk is oars. Shorttracks is mear as allinnich ferskuorrende hurd ride, fynt Donderwinkel: "Ik tink dat der gjin shorttracker is dy't time trials wol leuk fynt."
Donderwinkel in actie © Martin de Jong
Sneon begjint it échte leuke wurk. Dan komt it oan op taktyk. Dan kin se ynhelje. En dan kin der noch fan alles barre. "Dat makket shorttrack ek sa leuk. Ik haw echt nocht om te racen."
Senuwen hat Donderwinkel noch net. Se hat it spultsje al in kear earder spile, ferline seizoen op it NK yn Ljouwert. "Dat gie op himsels wol prima." Boppedat rydt se dit wykein benammen mei foar de ûnderfining. Dat hellet ek al hiel wat spanning fuort. "Ik bin foaral benijd."
Op de training bin ik bliid, lekker fuort fan skoalle.
Lotte Donderwinkel
In gouden medalje op it NK lit nei alle gedachten noch efkes op him wachtsje. "Je ride mei de top fan Nederlân. It is leuk om der tusken te riden, mar ynhelje wurdt dreech." Dochs besiket se oft der earne noch in gatsje te finen is. Se laket beskieden: "As sporter wolst dochs altyd winne."
De wille is de ûnderlizzende faktor yn har sukses. Se docht neat leaver as reedriden. Gelokkich mar, want der sit in soad tiid yn de topsport. Moarns twa oere traine, dan trije oere nei skoalle, middeis wer nei de iisbaan om noch mear te trainen. "Op de training bin ik bliid, lekker fuort fan skoalle."

Skoalle freget dissipline

Alle moarnen rydt se mei har heit mei nei It Hearrenfean. Dêr folget se it lêste jier havo oan de Topsport Talentschool, ûnderdiel fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. De lessen wurde om de trainingen hinne pland en freegje in soad selsstannichheid.
Dat freget dissipline. "Mar dat sit der as topsporter wol yn", seit Donderwinkel laitsjend.
Olympysk goud. Dat is it ultime doel.
Lotte Donderwinkel
Sûnt ferline jier makket se diel út fan it KNSB Talent Team Noord, de groep dy't klearstoomd wurdt foar it nasjonaal team. Skoalle en sport falle goed te kombinearjen op It Hearrenfean.
En dan te betinken dat redens eins in middel wie om in hiel oare bernedream te ferwêzentlikjen: feilichheidskessens by de baan del pleatse foar de trainingen fan har suster.
"Ik fûn it hielendal leuk om oer it iis te draven en mei dy kessens te slepen. Mar om dat dwaan te meien, moasten je op shorttrack sitte", leit Donderwinkel út.

It ultime doel

Njoggen jier letter wol se neat leaver as ride. Net om kessens del te lizzen, mar om te wurkjen nei dy iene dream fan elke topsporter: "Olympysk goud. Dat is it ultime doel."