Streektaal libbet, jong en âld praat Amelands en Stavers

De fjoertoer fan It Amelân © Shutterstock.com (Atosan)
It 'Amelands' en it 'Stavers' binne de streektalen dy't it meast brûkt wurde troch de respondinten fan in nij ûndersyk fan de provinsje nei de streektalen. Ek op It Bilt en yn Hylpen wurde ynwenners geregeld yn de streektaal oansprutsen.
Dat docht bliken út in enkête spesifyk oer streektalen, dy't hâlden is foar de Spreektaalatlas 2022. Mei-inoar hawwe 8.172 Friezen de fragelist ynfolle. Goed de helte fan har jout oan faak yn de streektaal oansprutsen te wurden. Mar de ferskillen tusken regionale talen binne grut.
Dat jildt seker foar de Waadeilannen. Op It Amelân wurdt it Amelânsk faak brûkt, ek yn de winkel of op it gemeentehûs. Mar op Skiermûntseach leit it lân der hiel oars hinne. De eilanners dy't oan de enkête meidien hawwe, jouwe oan mar komselden Eilanders te praten.
Op It Amelân hearre je de streektaal op in soad plakken, en dat klinkt sa
Ek op Skylge wurde de streektalen Aasters, Westers en Meslânzers net in soad mear heard op 'e dyk of yn 'e winkel. Dat wol lykwols net sizze dat Skylgers en eilanners fan Skiermûntseach fine dat de taal mar ferdwine moat. Krekt oarsom: bewenners fan beide eilannen jouwe yn grutte mearderheid oan dat se de taal belangryk fine en graach sjen soene dat de taal brûkt wurdt op de basisskoalle.

Stedsfrysk libbet ek

It stedsfrysk is ek yn libben gebrûk yn ferskate Fryske stêden. Njonken it Stavers wurde ek it Harlingers en Bolswarders troch mear as de helte fan de respondinten faak brûkt yn it deistich libben.
Benammen yn de famylje, mei freonen en kunde en op de sportklup wurdt faak stedsfrysk praat. Yn formele situaasjes, lykas by de gemeente of op skoalle, wurdt dat folle minder dien.
Skriuwen yn de streektalen wurdt folle minder dien. By de measte streektalen kin mar tusken 10 en 20 persint de taal ek skriuwe. Ek hjir springt Starum derboppe út: 37 prosint fan de respondinten jout oan it Stavers goed oant sels hiel goed skriuwe te kinnen.
Hoefolle wurdt in streektaal brûkt?
It ûndersyk lit fierder sjen dat it gebrûk fan de streektaal gearhinget mei de leeftiid. Wat jonger de respondint is, wat minder in streektaal sprutsen wurdt.

Oerdracht oan bern bliuwt stykjen

De oerdracht tusken generaasjes is lykwols fan grut belang foar de fitaliteit fan in taal. Mar fan de respondinten dy't bern hawwe, jout mear as de helte oan (hast) nea yn de streektaal te praten mei de bern.
Foar Starumers en Amelanners is it hiel gewoan om de bern yn de streektaal grut te bringen. Mear as 90 prosint fan de respondinten jout oan de eigen taal tsjin de bern te praten. Dizze streektalen binne sa sterk dat ek ynwenners dy't net yn de taal grutbrocht binne, de taal wol geregeld brûke.
It opgroeien mei in streektaal jout oan de oare kant ek gjin wissigens dat it letter in soad brûkt wurdt. Ut it ûndersyk docht bliken dat streektalen ek brûkt wurde troch 'nije sprekkers', mar dat respondinten dy't dermei opgroeid binne it wol faker brûke.
De respondinten fan dizze enkête binne foar in part oanskreaun en hawwe op sosjale media en hûs-oan-hûsblêden in fragelist ynfolle. Der is in weaging tapast op de leeftiid fan de respondinten.
Dêrneist is it tal respondinten út Hylpen, Skiermûntseach, Kollumerpomp en Starum wat leger. Dat makket de foutmarzje foar dizze streektalen wat grutter, mar sil de útkomst fan it ûndersyk net bot feroarje, skriuwe de ûndersikers.
Deputearre Eke Folkerts fan taalbelied krige freedtemoarn it earste eksimplaar fan de atlas op de grutte streektaalkonferinsje yn Frjentsjer.
Streektaal libbet, jong en âld praat Amelands en Stavers
Goed de helte fan de streektaalbrûkers soe wolle dat der mear yn de taal sprutsen wurdt. Der is by de respondinten ek ferlet om de regionale talen mear sichtber te meitsjen, mar dat ferskilt in soad tusken de streektalen. Sa is it ferlet foar mear sichtber Hylpers, Bildts, Schiermonnikoogs en Stavers it grutst.
In kwart fan de respondinten soe graach sjen dat de streektaal mear stimulearre wurdt troch bygelyks online kursussen, in taallearapp of in wurdboeke-app en boeken of tiidskriften yn de taal. Mar net eltsenien hat dêr ferlet fan: 40 prosint fan de respondinten fynt it net nedich om de taal te stypjen.