Van Kaam mei Cambuur nei 'reuzedeader' Jong Utrecht: "Hopelijk doden ze ons niet"

Daniël van Kaam © Dijks Fotografie
Jong FC Utrecht mei mei rjocht in reuzedeader neamd wurde. It wûn al fan FC Grins en koprinner Roda JC. Dochs leaut oanfierder Daniël van Kaam net dat syn SC Cambuur de folgjende reus is dy't sneuvelet tsjin harren.
De Ljouwerters geane op besite yn Utrecht en spylje yn De Galgenwaard. En dus net op Zoudenbalch, it trainingskompleks dêr't Jong FC Utrecht de measte wedstriden spilet.
Van Kaam is der freed wer by. De middenfjilder moast him de foarige wedstriid ferfange litte fanwege in blessuere, mar dêrfan is er sa goed as opknapt. Hy is yn elts gefal fit genôch om wer te spyljen.

Oanfierdersbân

Dit seizoen draacht Van Kaam de oanfierdersbân by Cambuur. Dat befalt him goed. "Maar dat wordt groter gemaakt dan het is. Ik moet nu de toss doen, misschien wat meer interviews en ik kom in de line-up als eerste op het veld", sketst Van Kaam de ferskillen.
Yn it fjild is der foar de 23-jierrige Grinslanner net safolle feroare. "Mensen verwachten misschien dat ik nu extra veel ga coachen, maar dat slaat dan ook verkeerd over op de groep. Tuurlijk voel ik verantwoordelijkheid, maar dat voelde ik ook toen ik geen aanvoerder was."
Daniël van Kaam is bliid dat Cambuur net op it trainingkompleks spilet, mar yn De Galgenwaard
Op papier liket Jong FC Utrecht miskien net sa'n drege tsjinstanner foar Cambuur; it stiet sechtjinde en helle mar sân punten. Oan de oare kant ferlear de ploech fan trainer Sjors Ultee koartlyn ek noch fan Helmond Sport, in oare leechfleaner út de earste divyzje.
En dan binne der noch dy opmerklike prestaasjes fan Jong Utrecht: winst op titelfavoryt FC Grins én koprinner Roda JC. "Wij zien die uitslagen ook", seit Van Kaam. "Hopelijk zijn wij ook een reus in deze competitie, maar hopelijk doden ze ons niet."

"Wij onderschatten niemand"

Fan ûnderskatting is gjin sprake, as we Van Kaam leauwe meie. "Wij onderschatten niemand. In de eerste divisie kan alles gebeuren. Dus het is niet zo dat wij wedstrijden ingaan en denken: deze zullen we makkelijk even winnen."
Wat is de favorite posysje op it middenfjild fan Daniël van Kaam?
Foar Van Kaam is sûnt in pear wiken wol wat feroare. Cambuur helle mei Jeremy van Mullem fan Sparta Rotterdam noch in echte ferdigenjende middenfjilder. Dêrtroch skoot Van Kaam troch en is hy ien fan de twa djippe middenfjilders.
"De positie die mijn voorkeur heeft, is hier niet echt. We spelen met een 'zes' en twee 'tienen' en ik zit daar eigenlijk net tussen. Alleen in deze formatie heb je die positie niet echt", seit Van Kaam. "Het kan allebei, op zes en tien. Dat maakt me echt niet uit."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong FC Utrecht begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio. Dat set om 19.45 oere útein. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar fanút de Galgenwaard.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is sneon werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.