Liveblog
|
22 septimber
112-nijs 22 septimber: Buske útbaarnd yn Drachten | Treinferkear tusken Ljouwert-Harns rydt wer
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 22 septimber, 21:11
21:11
Buske útbaarnd yn Drachten

Oan de Middelwyk yn Drachten stie freedtejûn in buske yn 'e brân. Der is neat bekend oer de oarsaak fan de brân. De bus stie parkearre, foar safier bekend rekke der gjinien ferwûne. De brânwacht hie it fjoer rap út, mar de bus kin as ferlern beskôge wurde.
13:35
Treinferkear tusken Ljouwert-Harns wer op gong nei wikselsteuring
Der rieden in skoft gjin treinen tusken Ljouwert en de haven fan Harns fanwegen in wikselsteuring. Reizgers op dat trajekt moasten rekken hâlde mei in ekstra reistiid fan mear as in oere en der waarden tydlik bussen ynset. Net lang nei 15.00 oere kaam it treinferkear wer op gong.

06:07
Man wer oantroffen nei grutte sykaksje Skiermûntseach
De helptsjinsten ha tongersdeitejûn en -nacht in grutte sykaksje hâlden op Skiermûntseach. Der wie in Burgernet-aksje opset en der waard socht nei in man fan tachtich jier. Om healwei tolven is de sykaksje opskaald nei in saneamde GRIP-1-situaasje.
De KNRM fear út fanút Lauwerseach en it Needhelpteam Fryslân fan it Reade Krús waard oproppen om te assistearjen by de syktocht. Dêrneist is mei in helikopter in slach oer it eilân makke.
Wer oantroffen
Om middennacht hinne is de fermiste man yn goede sûnens oantroffen, neffens in wurdfierder fan de plysje.