Kuierjende beammen fan Bosk winne lanlike priis op Dutch Design Week

De beammen fan Bosk op it Aldehoustertsjerkhôf © Omrop Fryslân
Bosk is de winner wurden fan de Dutch Design Award yn de kategory Habitat. It projekt wie neffens de sjuery "in briljant idee, mar tige dreech om foarelkoar te krijen en safolle minsken foar te mobilisearjen".
By Bosk, organisearre troch Arcadia en de gemeente Ljouwert, 'rûnen' ferline jier simmer mear as tûzen beammen troch de stêd Ljouwert. Nei in pear dagen ferhûze it bosk fan it iene nei it oare plak, wêrby't in pear beammen stean bleaune.
"Bosk slagget der geweldich yn om de iepenbiere romte te beynfloedzjen mei allegear eleminten dy't gjin gebouwen binne", seit de sjuery.
"It tydlike karakter is wat minsken lûkt: even kinne se ûnderfine wat it betsjut om beammen te hawwen op in plein dat eins te waarm is, bygelyks. As it bosk wer fierder giet, wurdt it mist."
De Dutch Design Award yn de kategory habitat is foar Bosk © Arcadia
De organisaasje fan Bosk krige de priis tongersdeitejûn útrikt yn Eindhoven. De awardshow is ûnderdiel fan de Dutch Design Week, ien fan de grutste designeveneminten fan Europa.
FryslânDOK makke ferline jier in trijedielige dokumintêre oer Bosk. Besjoch hjir diel 1: