Noch gjin beslút oer nije biofergêster yn Sumar: ried wol earst mear ynfo

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel nimt jûn noch gjin beslút oer in nije 'groengasynstallaasje' by Sonac yn Sumar. Riedsleden wolle earst mear ynformaasje ha.
Sonac wol in ynstallaasje bouwe dy't dierlike reststoffen fergêstet ta gas. Mei de ynstallaasje kin sa'n 140.000 ton yn it jier ferwurke wurde.
Dat leveret biogas op foar likernôch 12.000 húshâldingen. Dêrfoar binne meardere nije bouwurken nedich, wêrfan't trije silo's fan 24 meter heech it meast opfalle.
De provinsje Fryslân moat dêr in fergunning foar ferliene, mar dat kin pas as de ried fan Tytsjerksteradiel in 'verklaring van geen bedenkingen' ôfjout. Dat soe jûn oan de oarder komme, mar is no dus fan de aginda helle.
Riedsleden ha ûnder oare noch fragen oer eventuele ekstra stankoerlêst. In groep omwenners hat ek syn betinkingen. Foar de fergadering dielden se symboalysk knipers út.
De ried wol noch wol foar de ein fan it jier de biofergêster beprate.