Fallisemint foar 'te grut' MFC Burdaard driget

Der driget in fallisemint foar it multyfunksjoneel sintrum Burdaard no't de Bank Nederlandse Gemeenten ôf wol fan in krúsjale liening oan de ferliesjouwende foarsjenning. De soargen nimme ta by sawol de gemeente as de doarpsbewenners.
It 'MFC' is yn 2011 te grut opset, wêrtroch't de eksploitaasje net rûn te krijen is. It doarp en de gemeente Noardeast-Fryslân binne drok dwaande om dêrfoar in oplossing te finen. Dat proses komt no ûnder druk te stean omdat de bank fan 1 desimber ôf ôf wol fan dy liening.
Noed oer takomst MFC Burdaard nimt ta
No stiet de gemeente Noardeast-Fryslân wol garant foar wat mear as in miljoen euro, mar de ferliezen rinne op en de gemeenteried hat wol grinzen steld oan wat de gemeente betsjutte kin foar it sintrum en de foarsjennings. Dat der ek kommersjele hierders yn it gebou sitte, makket it der ek net ienfâldiger op.
Sloop en nijbou
Ien fan de oplossings dêr't nei sjoen wurdt, is sloop en nijbou op in skaal dy't wol by it doarp past. Mar sokke oplossings kostje tiid en it is de fraach oft dat der noch is. It multyfunksjonele sintrum stiet no oan 'e râne fan in fallisemint, sa skriuwe boargemaster en wethâlders.