Wurkûnderfiningsprojekt bouwen by Kruidhof úteinset: leare wat seage en hammer is

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mei achttjin dielnimmers giet it mei it wurkûnderfiningsprojekt by De Krûdhof yn Bûtenpost de goede kant op. Yn de botanyske tún rinne al langer minsken om dy't it paad nei wurk of in oplieding fine. Sûnt koart is der ek in bouprojekt úteinset.
Sa wurket Piet Dijkstra sûnt july yn in wurkplak dat de dielnimmers op it terrein fan De Krûdhof sels opset hawwe. "Ik haw wurkûnderfining opdien. Ik bin hjir kaam nei in depresje. Hjir bin ik der wer boppe-op kaam. No kin ik wer fierder yn it arbeidsproses."
Wurkûnderfiningsprojekt 'in de bouw' by Kruidhof úteinset: leare wat seach en hammer is
Fierder dogge benammen statushâlders mei. Dy leare de taal ek, want je moatte al witte wat it ferskil is tusken in seage en in hammer. "We beginnen met de namen van gereedschappen. Dat gaat aan de hand van plaatjes", leit taalcoach Anneke de Vries út.
De Vries jout Zemichael begelieding. Hy fynt Nederlânsk in lestige taal. "Het is trouwens moeilijker voor deze mensen dat ze in Friesland een plek hebben gekregen", fynt se. "Veel mensen praten geen Nederlands met hen en dat maakt het wel extra moeilijk."

Taalbarriêre

De taalbarriêre liedt sa út en troch wolris ta misferstannen. "Dan freegje je om in seage en in winkelheak en dan komme se mei in hammer en in knyptange oan", fertelt begelieder Sjoerd Wagenaar. "En dan sizze se: Dit is het jij bedoelt? Jij bedoelt niet? Dat is wolris hilarysk."
Taalles foar statushâlders by it wurkûnderfiningsprojekt © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De dielnimmers bouwe in nije loads foar De Kruidhof. Nije wike wurdt it beton stoart, seit direkteur Gerben de Haan. "Dan kinne de minsken wer fierder mei it bouwen. Dat is yn gearwurking mei de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Dy soargje dat de minsken hjir komme."
Wagenaar wie earder begelieder by De Spitkeet op De Harkema. Dat de bouprojekten wat mear tiid kostje, heart derby. "By in gewoan bedriuw soest sizze: Yn in heal jier is it klear. Wy neame gjin eindatum. By sokke projekten krije de minsken de kâns om mei te draaien."
Piet Dijkstra wurket oan de elektryk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Foar Piet is it no al in sukses. Hy krijt in baan. "Ik haw in mûnlinge oerienkomst mei in bedriuw en dat liket goed. As it goed is, begjin ik tiisdei. Ik haw der sin oan. We gean der tsjinoan: jild fertsjinje en der in moaie tiid fan meitsje."
Oant no ta binne ek al trije dielnimmers útstreamd nei in mbû-oplieding.