SC Cambuur moat keeper Van Osch mooglik misse yn Utrecht

Yanick van Osch © Orange Pictures
It is noch net dúdlik wa't freed by SC Cambuur it doel ferdigenet. Keeper Yanick van Osch is blessearre en dêrtroch in twivelgefal foar it duel mei Jong FC Utrecht.
Mocht Van Osch freed net ynsetber wêze, is de kâns grut dat Daan Reiziger de foarkar krijt boppe Brett Minnema. Reiziger waard op de lêste dei fan de transferperioade oernaam fan Vitesse. "We gaan morgen de knoop doorhakken, maar het zou zomaar kunnen dat Daan of Brett op doel staat", seit trainer Sjors Ultee.
"Het zijn twee keepers die dicht bij elkaar zitten, maar beiden een iets andere achtergrond hebben", fertelt Ultee oer Reiziger en Minnema. "Ik ben heel blij dat we niet schrikken als we onze eerste keeper eventueel moeten missen. We hebben twee goede alternatieven achter de hand."
Wa't der yn elts gefal net by binne, binne Silvester van der Water en Wiebe Kooistra. Ultee hopet dat it twatal nei it wykein wer oanslute kin by de groepstraining. Oanfierder Daniël van Kaam, dy't ferline wike tsjin Willem ll al yn de earste helte blessearre útfoel, is der freed wer by.
Sjors Ultee hat syn ploech goed taret op 'reuzedeader' Jong FC Utrecht
Jong FC Utrecht is de nûmer sechtjin fan de earste divyzje. Mar, seis fan de sân punten dy't se hellen, wiene tsjin topploegen FC Grins en Roda JC. En dus mei Jong FC Utrecht mei rjocht in reuzedeader neamd wurde. Ultee: "Als je van Groningen en Roda wint, ben je een heel goede ploeg."
De technyske stêf fan Cambuur hat de tsjinstanner goed besjoen. "Het fijne van Jong Utrecht is wel dat ze een heel duidelijke speelwijze hebben. Het speelt niet echt als een Jong-team, omdat andere Jong-teams vaak veel wisselingen hebben."
De wedstriid wurdt freed spile yn De Galgenwaard en net op trainingkompleks Zoudenbalch. Dat skeelt in slok op in borrel neffens Ultee. "Het geeft toch veel meer dat profgevoel in plaats van een oefenwedstrijdgevoel. Ik ben er heel blij mee. Het is in alle kanten meer passend bij voetballen op ons niveau."
Foar himsels wurdt it ek in moai treffen: Ultee is in echte Domstedeling en wennet der, as er net yn Ljouwert is, noch altyd. "Het is de stad waar je nog steeds woont. Ik heb er negen jaar gewerkt. Je kent iedereen en weet er de weg. Het is bijzonder en leuk om thuis te komen."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong FC Utrecht begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio. Dat set om 19.45 oere útein. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar út de Galgenwaard wei.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is sneon werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.