Leden sette Keamerlid De Groot heger op D66-list, hoe sit dat krekt?

Tjeerd de Groot © ANP
Keamerlid Tjeerd de Groot fan Wâldsein is troch de leden fan D66 op plak 10 set fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen. Op de konsept-kandidatelist stie De Groot noch op 12. Hoe sit dat krekt?
De konsept-kandidatelist wurdt makke troch in partijkommisje en dy wurdt dêrnei by de measte partijen foarlein oan de leden. Dy kinne de folchoarder dan noch feroarje, of sels nije kandidaten op 'e list sette.
By D66 barde dy stimming online, al koe it ek mei de post. Dêr is mar ien kear gebrûk fan makke. Leden koenen in eigen top fyftich yntsjinje, wêrby't de nûmer ien op de list 50 punten krige, de nûmer twa 49 punten ensafuorthinne.

Grutte mearderheid stipet De Groot

De Groot waard troch 74,32 persint fan de stimmers yn de top 50 set. Yn totaal behelle er 155.159 punten. Dêrmei einiget er op it njoggende plak, mei goed trijetûzen punten minder as de nûmer acht Mpanzu Bamenga en goed trijetûzen punten mear as nûmer tsien Marijke Synhaeve.
Listlûker Rob Jetten wie by in eardere stimming al ferkeazen en die dêrom net mei oan dizze stimming. Dêrom jout foar De Groot it njoggende plak by de stimming rjocht op it tsiende plak op de kandidatelist.

'Prachtige plek'

D66 hat op dit stuit 24 sitten yn de Twadde Keamer. Resinte peilingen litte sjen dat de partij rekken hâlde moat mei in flink ferlies. I&O Research peilt de partij op it stuit op sân sitten.
By de foarige ferkiezingen stie De Groot noch op plak 8. Ek al stie hy doe heger, op X, earder Twitter, neamt De Groot it tsiende plak in 'prachtige plek'. De Groot is benammen bekend om't hy út namme fan syn partij de wurdfiering docht op it lânboudossier.
Jieskje Hollander fan It Hearrenfean moast nei it rieplachtsjen fan de leden fiif plakken tajaan. Se sakke op de list fan plak sechstjin nei plak 21. Hilde Tjeerdema, âld-wethâlder fan de gemeente Ljouwert, gie krekt fiif plakken omheech: fan 46 nei 41.

Oare Friezen ferskowe net

Ek oare partijen hifkje by harren leden oft se in goeie kar makke hawwe foar harren kandidatelist. GrienLinks-PvdA en JA21 hawwe dat bygelyks ek al dien. Dat smiet foar de Friezen Habtamu de Hoop (plak 12, PvdA-GrienLinks) en Maarten Goudzwaard (plak 6, JA21) gjin ferskowing op.